09-07-2012

Ierdbeitiramisu

Ik set gauris op Twitter (ûnder de namme Fryskfrommes) wat ik doch.  It wie mar in pear tellen nei 't ik tweete dat ik ierdbeitiramisu meitsjen gong dat der reaksje kaam fan de oare kant Ljouwert. Yn de Wâlden woene se ek graach it resept. No bin ik de minste net en ha ik it daliks yn in pear tweets dielt mei wol in hiel bekinde Fryske skriuwer. Hjoed kaam op Twitter in foto foarby fan it resept, makke troch de prinses fan Boarnburgum. En it seach der goed út. Neffens my hie se der lytse marshmallows oer struit. Fersiertip nûmer 1.
Hjirûnder it resept en 2 foto's fan myn ierdbeientiramisu.




It resept

Yngrediïnten foar 6 minsken:

750 gram ierdbeien
3 aaien
100 gram sûker
375 gram maskarpone
2 leppels wetter
1 leppel poeiersûker
heale sitroen
12 lange fingers
muntbledsjes
hakke pistachenútsjes


Waskje de ierdbeien en helje de kroantsjes derôf en snij se op 12 stiks nei yn skiifkes. Meitsje ierdbeisaus troch 200 gram ierdbeien, it wetter, de poeiersûker en it sap fan de heale sitroen te miksen.


Miks de aaidjerre mei de sûker en doch de maskarpone der troch. Klopje de aaiwiten op en skep it hoeden troch it maskarponemingsel.


Nim 6 glêzen en doch yn elts glês skiifkes ierdbei. Brek de lange fingers yn twa stikken, helje se troch de ierdbeisaus en lis se op de skiifkes. Folje it glês fierder mei it maskarponemingsel, dan wer lange fingers en as lêste wer in laach ierdbeien. Jit de oerbleaune ierdbeisaus deroer en set de glêzen op syn minst 3 oeren yn de kuolkast. 


Fersier dyn neigesetsje mei 2 ierdbeien en hakke pistachenútsjes. 



En mar wer lekker ite mei P.

2 opmerkingen:

  1. Lijkt me lekker! Jammer dat ik geen Fries beheers. Maar kan het wel een klein beetje begrijpen ; )
    Veel plezier met bloggen, zie dat je net begonnen bent.

    BeantwoordenVerwijderen
    Reacties
    1. Ik ben me ervan bewust dat ik een groter publiek kan bereiken als ik het Fries loslaat. Maar ik heb de keuze gemaakt om het wel in het Frysk te doen omdat er al zoveel Nederlandse bloggers zijn :-) En inderdaad jammer dat je geen Fries beheerst. Hoe ben je op mijn blog terecht gekomen als ik vragen mag?

      Verwijderen