27-02-2013

Hjouwermoutpankoeken

Ferline wike kamen se foarby op twitter, dizze hjouwermoutpankoeken. En by in tige sûn akkount fan @Goedelijn dat ik tocht dy wol ik ek ite. Ik ha it resept frege en krigen en hjoed wie it dan safier. Om kertier foar tolven kaam ik der achter dat ik noch gjin bôle helle hie en ek gjin nocht om dat hurd noch te dwaan. Mar ik hie wol hjouwermout yn it kastke en de rest fan de ingrediïnten. Om tolve oere sette ik de nije pankoekspanne fan de hurdfytser op it fjoer en ha 'k seis grutte pankoeken bakt. Se wiene op foardat ik der erch yn hie en dus gjin foto.

It iene bern hie dochs leaver 'gewoane' pankoeken, it oare bern fûn se och sa lekker. Se smakken my bêst en ik meitsje se grif wer ris. It moaie is dat se troch de hjouwermout soargje dat dyn bloedsûkerspegel yn balâns bliuwt. En ik ha de hiele middei noch net ferlet hân fan oar iten.

Wolst se ek in kear meitsje dan is hjir it resept foar tolve lytse of seis grutte pankoeken.

125 gram hjouwermout 10 menuten yn 450 ml (soja)molke weakje. Dan 1 aai, 60 gram wytmoal, 1 teeleppel bakpoeier, 25 gram sûker, 2 ytleppels (oliif)oalje en in heale teeleppel sâlt der troch riede. Bak se yn in menút as 3/4 brún en hâld se lekker tin dan binne se it lekkerst. Ite mei sjem, brúne sûker, farsk fruit of huning.

17-02-2013

In soart fan wentelteefjes mar dan oars

In pear wike lyn op in moaie winterse snein wie ik mei in freondin te kuierjen en samar midden op ús rûte bedarren wy yn Noflik Easterein. Lekker waarme poeiermolke drinke mei wat lekkers derby.
Ynienen sjocht myn freondin in pear âlde Libelles lizzen. We pakke se derby, nimme noch in poeiermolke en ha in protte wille mei dizze blêden. Mar wy komme der ek efter dat froulju fan dy tiid deselde dingen wichtich fûnen as wy no. Sjippe foar in sêfte hûd, it bêste himmelguod, tips foar de húsfrou en noch folle mear nijsgjirrige dingen. Der stiene allinich wat mear patroanen yn fan festen, jurkjes en sels in breiden swimpak. Oars moast der sels mar ris hinne. De Libelles lizze der grif noch wol.

Yn ien fan de Libelles (neffens my út 1959) stie in resept foar Beschuitkoekjes, ik neam se Bakkoeken. Ik krige in bryfke fan de leuke frou yn de bestjinning en in pen en koe sa it resept mei nei hûs nimme. Ik ha it op it prikboerd hongen en eins wie ik it in bytsje fergetten oant hjoed. Sakrekt ha ik it resept makke en it wie lekker. In soart fan wentelteefjes mar dan oars. Ik diel it resept hjir mei jim, dan kinne jim it ek ris meitsje.

Resept foar 4 persoanen

Do hast 4 bakken (beskúten). Dochst 1 aai, 4 leppels molke, 2 leppels sûker, 1 teeleppel kaniel en 1 leppel custard yn in skaal en kloppest it goed los. Dan leist de 4 bakken deryn te wjekjen, op syn minst 10 menuten. Dernei bakst se foarsichtich yn in bytsje bûter yn de koekepanne oant te lekker brún en net mear smodzich binne. It gas net te fûl want dan brâne se samar oan, sa as myn earste 2 ;-). 


Ik ha se mei in bytsje sûker iten mar de Libelle jout ek noch de tip om der fanylje-saus, appelsmots of kaniel by te jaan. Jim moatte it mar ris besykje. 

10-02-2013

Rinsma voor Remco

Ungefear in jier lyn hat de direkteur fan Rinsma syn frou ferlern oan kanker en 13 jannewaris is Remco Brouwer, wurknimmer by Rinsma stoarn oan dizze freeslike sykte. En dat brocht se by Rinsma op dizze aksje: Rinsma voor Remco mei as doel: op tongersdei 23 maaie op de fyts de Alpe dHuez op en safolle mooglik jild ynsammelje foar de KWF Kankerbestriding.
It team dat fytse sil bestiet út: Johan Dijkstra, Bert de Haan, Sipke Visser en Chris Wassenaar. Wolle jim in bydrage dwaan dan kin dat fansels troch in jildbedrag oer te meitsjen op Rinsma BV Bankrekkennûmer 31.98.41.839 en eefkes neame dat it foar de aksje Rinsma voor Remco is. Mear oer dizze aksje lêze kin hjir.

Omdat fan myn baksels gauris in diel nei in goed doel giet like it my moai om hjir by oan te slúten. Fanôf hjoed giet der fan eltse taart dy 't ik ferkeapje in euro nei boppesteand doel. It bedrag dat ik sa by mekoar garje meitsje ik dan op 23 maaie oer nei Rinsma BV. 

En wat hasto no mei boppesteande te krijen en mei Remco, sille jim tinke? No dat sit sa, Remco is de jonge dy 't makke dat ik my thús fielde yn Wommels. Minsken dy 't him kinnen ha witte daliks hokker gefoel as hy jaan koe. Sa fan: do hearst der ek by, do wurdst sjoen. 
Ik hie mei in hiel protte oaren sa graach wollen dat Remco better waard mar it mocht net sa wêze. Om dochs wat te dwaan slút ik dêrom graach oan by Rinsma voor Remco.

Do kinst ek wat dwaan troch jild oer te meitsjen of troch in taart te bestellen by my. Ik ha my oanslúten by www.thuisafgehaald.nl (sykje op Wommels). Dêr kinst de taarten ek besjen dy 't ik bak. 

Moarn komt de earste euro binnen want ik hie al in bestelling foar in Schwarzwalderkirschtorte. Hy is hast klear, moarnier de boppekant noch opmeitsje en dan wurdt er foar de kofje ophelle.