30-10-2012

Huishoudkunde en Appelpudding

It is alwer hiel wat jierren lyn dat ik yn Snits nei de Intas (interim algemene schakelopleiding) gong. En yn de twa jier dat ik dêr nei skoalle gie hiene we it fak 'huishoudkunde'. By de boekelist dy 't we krigen hiene stie ek in itensiedersboek en dat mienden mem en ik by de Hema te finen! Doe 't wy dermei thús kamen wie it fansels net it goede boek mar de titel wie wol ûngefear itselde. Stap-voor-stap koken is de namme fan dit boek en ik ha der miskien wol 20 jier neat mei dien. Mar doe 't ik út de hûs gong ha ik it wol meinommen en ik sjoch der de lêste jierren gauris yn want it stiet fol mei hiele lekkere âlderwetske Ingelske resepten. Sa ek it resept wat ik jim dizze kear jaan wol. It is it resept foar in neigesetsje; appelpudding.

Foar it basisbeslach hast 100 gram wytmoal, in mespuntsje sâlt, ien aai en trije dl molke nedich. En dit makkest earst want it beslach moat in heal oere stean foar it bakken!

Doch it wytmoal en it sâlt yn in kom, meitsje in kûltsje yn 'e midden en brek it aai dêr yn. Jit stadich de helte fan de molke by it aai en wurkje der mei in houten leppel it wytmoal fan de sydkant troch. Klopje dan mei de mikser de rest fan de molke der troch oant it in moai glêd beslach is en lit it 30 menuten stean!

Skyl dan 500 gram oan smotsappels, doch it klokhûs der út en snij de appels yn dikke plakken. Fetsje in ûndjippe fjoerfêste skaal yn mei ryklik bûter en waarmje dizze foar yn de ûne op 220 graden. Lis dan de appelplakken deryn en strui der goed wat brúne sûker oer en set de skaal dan 10 menuten yn de ûne. Kluts it beslach noch eefkes goed troch en jit it dan oer de appelplakken. Set de skaal werom yn de ûne en bak de pudding in dik heal oere (of mear) oant er moai rize en brún is. Strui der noch in bytsje gewoane sûker oer en set it daliks op tafel.

Om 't de pudding by ús langer nedich hie as in heal oere (baktiid) hiene de bern al wat oars hân en hawwe wy der tegearre oer te set west. En dat wie gjin straf dat sil ik jim wol fertelle.

16-10-2012

Wat in pop!

Ien kear yn it jier dan is it safier, der moat trakteare wurde op skoalle. En dan is it altiten in hiel gedoch om wat leuks en lekkers te finen. Nei jierren fan sûne traktaasjes wie ik der wol in bytsje klear mei. It stiet yn de skoalgids dat it sûn moat mar as de bern in bytsje âlder wurde fine se dat net mear leuk. En foaral net as oaren wol op snobbersguod traktearje. It ôfrûne jier ha ik dêrom mar loslitten dat it gjin snobbersguod wêze mei. En doe ha de soan en ik oan it sykjen west nei in traktaasje dy 't lekker en leuk 
wie. En dit is it wurden: 


Keapje sâlte matsjes, kersesnoepkes en in sek marshmallows en satéprikkers. Meitsje in moaie foto fan it bern en druk dy (pasfotoformaat) ôf op fotopapier. Set dan tegearre mei it bern de popkes yn mekoar en prik se yn in stik pypskom of in koal. 


Leuk en lekker 


15-10-2012

Dat is oare koek

It moat no mar ris wurde tocht ik ferline wike. Ast 'echt' foar dysels begjinst dan moast sa no en dan in stap meitsje seit de jobcoach of hoe 't sokke minsken ek mar hjitte. Dus hie ik ek betocht om mar ris in stap te nimmen. En de earste stap dy 't ik naam wie in namme betinke. Dat slagge al yn in moarnskoft, al hie ik der fansels al folle langer oer neitocht. En doe ha ik daliks noch mar in stap setten. Ik ha besitekaartsjes en stickers besteld. 



Moai wurk om by Vistaprint in kaartsje te meitsjen en ek ferhipte maklik. Mar moast der wol om tinke ast net te djoer wolst. Foar dast it witst hast fan alles oanklikt wat wol jild kostet. Mar dat jout neat, gewoan fuortklikke en op 'e nij begjinne. En dan binne se tige tûk want ast sa 'n kaartsje makke hast dan krigest de kâns om allegear oare dingen te bestellen en dy binne al hielendal opmakke mei de gegevens fan dyn kaartsje. Pennen, doaskes, stickers, promoasjeflagen en wit ik wat al net mear. Ik ha my ynhâlden en allinich wat stickers besteld want dat stiet sa leuk op in taartdoaze. 



Fan 'e jûn ha ik in appeltaart besoarge (spesjaal gefal, oars is it ôfheljen) en wat is it leuk om der in kaartsje by te dwaan. It hat ek alwer wat opsmiten dat fuortbringen want as ik de bakfoarm werom krij dan docht se der in bakresept yn foar in ferskuorrend lekkere koek. Ik ha der no al sin oan. Wa wit 
stiet de koek nije wike op Thuisafgehaald.nl Sykje op Wommels :)

09-10-2012

De ECI en sitroenfla

Ik bin doe't ik hast op mysels wenjen gong ris belle troch de ECI. Jim witte wol, dan krigest sa'n gids thús mei allegear boeken en cd's en dêr moastest dan ien kear yn it kwartaal in bestelling út dwaan. Heit en mem hiene oanjûn dat se net mear lid wêze woene en de mefrou belle om te hearren as sy ús ek noch omprate koe. 

Se krige my dus oan de tillefoan en se hie byt. Hoe âld of 't ik wie en dat ik wol lid wurde koe, dan krige ik deselde koarting yn jierren dy 't eins foar ús memmendy wie. Om 't ik wol graach boeken lês, hast op mysels wenjen gong en de koarting foar mear as 15 jier wie ha ik de stap nommen. 

It gong de earste jierren goed mar nei in pear jier fan boeken/cd's bestellen waard ik der wat sleau yn. En wat barde der dan? Asto gjin kar makkest foar in datum dan stjoerden se dy in boek ta en dat wie meastentiids in titel wêr 't gjinien op siet te wachtsjen. 

Sa bin ik oan in boek oer Callanetics kommen, in soarte fan gymmestyk. En in boek oer sûnens: "Voel je goed, voel je beter". Mar en no komt it, ek in boek oer itensieden: "Kookkalender". Doch ik mei de earste beide boeken neat ( ik bin al linich en ik fiel my goed), dit lêste leit yn it laatsje fan de keukentafel en ik helje it gauris foar it ljocht. En dit boek, skreaun troch Jeanne Scheepstra en Annebet Stam makket dat ik my net bekocht fiel troch de ECI. It boek stiet fol mei foar alle dagen in menu, hielendal ôfstimt op de seizoenen. Foar 365 dagen resepten en noch in bytsje mear. Fantastysk!

En no wêr 't it allegear om giet fansels en dat is dit hiele gewoane mar lekkere resept foar in neigesetsje út de Kookkalender.

Do hast giele fla, kwark en sitroensap nedich. Ik doch 6 dl fla, 250 gram kwark en in heale útparste sitroen. Kinst ek in speet út sa 'n plestik giele sitroen út de supermerk dwaan. Kluts de boel troch mekoar en do hast in lekker fris neigesetsje. De ferhâldingen kinst oanpasse oan dyn eigen smaak. Besykje is mar ris. Net djoer, net dreech mar gewoan lekker.


08-10-2012

Berteberjocht

Nei in moarnskoft ompielen en blêderjen yn it wurdboek is it dan safier. Ik ha in nije namme foar myn webtaurant en foar dit blog fansels. LekkeritemeiP. kin noch hieltiten mar de namme is net mear. Ik sil jim no mar net langer yn spanning hâlde, de nije namme is.....tatatataaaaaaaaaa


 bak en brij

Bij 'bak en brij' kinst taarten en neigesetsjes bestelle fia dizze webside, mar ast dit blog folgest dan kinst ek sels de boadskippen dwaan en de resepten meitsje. Wol sa handich foar al dy minsken dy 't net yn Wommels of omkriten wenje.

07-10-2012

Bastogne/kerseneigesetsje

We ha krekt waarm iten en ik hie it neigesetsje klear makke wêr 't ien fan de bern hieltiten al sa 'n sin oan hie. It soe hast noch oer gean want de slagrjemme wie oer datum. Mar ik ha de man eefkes rûke litten en as hy seit dat it goed is dan kinne we it mei in gerêst hert ite. 



It is in resept foar seis persoanen en wy binne hjir mei syn fiven. It waard hast noch slaanderij om it lêste protsje dat wy hawwe as heit en mem mar sein dat wy al sêd wiene (al hiene wy ek noch graach in twadde kear opskept). Koene se it mei harren trijen diele. Dat seit wol hoe lekker as it is :-)

It resept:
200 ml slagrjemme
70 gram sûker
200 ml kwark
1/2 pak Bastognekoeken
1/2 of lytse pot kersen

Doch de kersen yn de gatsjepanne en lit se útlekke. Klopje de slagrjemme stiif mei de sûker. Skep de kwark  troch de slagremme mei in grutte leppel. Ferkrommelje de Bastognekoeken yn in ôfdroegersdoek. Mei de hannen slaan of dy lekker útlibje mei de daairôle. Doch de krommels ek troch it slagjremme/kwarkmingsel en dernei de útlekte kersen. Set it eefkes yn de kuolkast en ast it yn de skaaltsjes dochst dan makkest it moai ôf mei in kers en noch in ferkrommele koekje.  


Lekker ite mei P.