26-09-2012

It lekkerste bernebakboek

Dit is 'm dan: it boek dat ik lêsten foar mysels kocht ha. Het lekkerste Kinderbakboek. 


Earst hie ik it boek lient by de bibleteek mar doe 't ik it yn Wommels yn de boekhânnel stean seach ha ik daliks myn boekebonnen fan hûs helle en it foar mysels oanskaft.
Wat in moai boek foar grutte en lytse bakkers, mei prachtige foto's en dúdlike resepten.
Ek wurdt der yn it boek oandacht jûn oan basiskunde, toplagen, fersieringen en sûkerlaachjes.

Bisto fan dysels net sa 'n koekiebakker, mei dit boek slagget it dy grif om wat lekkers op tafel te krijen.
Besykje it mar ris. It boek is te lien by guon bibleteken yn Fryslân. Reservearje kin hjir http://bit.ly/OpIvqx 



21-09-2012

De appel falt net fier fan de beam.

Ik ha ris in prachtich ôfskreaun boek kocht by de bibleteek. De titel is 'De smaak van het landleven' en der steane hiele lekkere resepten yn. Fan bôle, taart, koekjes en cake, mar ek fan chutney's, sauzen, sjem ensfh. Dizze cake fan appels dy't neist de beam falle, is foar elkenien dy 't in beam yn de tún hat en de appels fan de grûn net fuortgoaie wol.

Hy is maklik om te meitsjen en hy smakket it alderlekkerst as de cake noch wat waarm is. Wat hasto nedich: yn elts gefal in cakeblik/springfoarm fan 20 sentimeter en 

250 gram selsriizjend bakmoal
snufke sâlt
175 gram margarine
100 gram fine sûker
100 gram rezinen
350 gram skylde appels (en yn stikjes)
2 aaien
poeiersûker

Cakeblik ynfetsje, dan de moal en it sâlt yn in kom silje. Snij de margarine yn lytse stikjes en skodzje it troch mekoar. Doch dan de rezinen, sûker en appels derby en skodzje it wer goed troch mekoar. Dan mei in houten leppel de aaien der troch riere. Mar it mei perfoast net kloppe, it bliuwe allegear stikjes. Ferwaarmje de ûn op 180 graden en set de cake der sa 'n 50 menuten yn. Eefkes besykje as dyn satéprikker der skjin út komt, oars noch in bytsje langer. Bytsje ôfkuolje litte en dan de poeiersûker der oer struie.



Ik doch sels altiten bakpapier yn it rûne blik en lit dat oer de râne hingje. As de cake dan in bytsje ôfkuolle is dan doch ik de foarm derom wei en in lintsje om it bakpapier en dan is it in moai en lekker kado om fuort te jaan. Moarns daliks meitsje en dan nei ien om kofje. Ik wit seker dast gauris wer komme meist :-)

De foto's: boppe, sûnder lintsje mar mei poeiersûker en ûnder as kadootsje.





19-09-2012

Oare webside, selde kwaliteit



Ik bin oerstapt op in oare webside. Sa, dat jim it mar eefkes witte. 

Mar dat is dan ek it ienichste wat feroare is, de taarten binne noch itselde (de appeltaart noch lekkerder want de Elstar appel is der wer) en do kinst no ek makliker in fersykje yntsjinje foar in oare datum.

In hiele protte minsken hawwe in Facebook akkount en by dizze webside kinst ynlogge mei dyn Facebook akkount. Hoechst dus net earst wer in oar akkount oan te meitsjen. Dat gedoch mei wachtwurden ensa besparje ik dy op dizze wize.

Ferline wike wie ik op in jierdei en dêr wiene wat minsken dy 't neat ôfwitte fan myn taartebakkerij. Ik moast mear reklame meitsje. No kin ik oeral posters ophingje mar ik bin sels mear fan de 'social media'. Dus hjirby in fersyk oan dy as lêzer fan dizze blog: stjoer 'm troch. Tige tank en mar wer Lekker ite mei P.

O ja, de nije webside fansels: thuisafgehaald.nl