08-01-2014

Dropmantsjes

 

Op pinterest wie ik al in skoft lyn leuke dropmantsjes tsjin kommen om op te traktearjen. Ik hie it ek op myn eigen akkount pint en de soan al ris sjen litten. Earst wie hy net sa entûsjast mar doe 't it safier wie en ik sei wêr wolst op trakteare? Doe woe er dochs de dropmantsjes meitsje. Dizze mem op syk nei de 3 ferskillende dropsoarten dy 't nedich binne. Dat wie noch eefkes krityk mar lokkich hie de AH yn Snits wat Jumbo Wommels en it dropwinkeltsje (net krigen/levere) net hiene. Justerjûn noch by ús eigen grienteboer Douwe farske mandarijnen kocht en doe koe it wurde.

 

De traktaasje komt fan dizze webside: www.knutselopdrachten.nl en dêr kinst ek krekt lêze hoe 'st de mantsjes makkest. De soan en ik hawwe in noflik oerke oan it freubeljen west. Wy hawwe der ek in pear sjinezen by dien foar de fariaasje. Miskien is it ek wat foar dy om te meitsjen mei dyn soan/dochter. It is perfoarst net dreech om te dwaan en it is ek noch foar de helte in sûne traktaasje :-)