11-01-2013

Koekiemonster traktaasje

Bisto ek sa 'n mem dy 't dat traktearjen mar in hiel gedoch fynt en jousto dyn bern in sek milky-ways mei? Spitich! Net omdat dat net goed is of om 't milky-ways net lekker binne mar om 't it sa leuk wêze kin. Foaral as it bern wat âlder is en sels meitinke en helpe mei. Lit it bern útsykje wat de traktaasje wurdt mar praat wol ôf dat hy/sy meihelpt. Dan kin it in hiel moai mem/bern momint wurde.

Sa is it dit jier by ús gongen. Hy woe trakteare op cupcakekoekiemonsters en soe sels helpe. We hiene de koekiemonsters sjoen by de cupcakecup fan de Tros en it resept stiet hjir. Wy binne woansdeitemiddei útein setten mei it bakken fan de cupcakes. Wy hiene it resept daliks ferdûbele omdat der 26 bern yn syn klasse sitte mar dat is net oan te rieden. It miksen giet dan hiel dreech, better 2 kear it resept achter mekoar oan. En doe 't de cupcakes yn de ûne stiene is hy mei de eagen oan it rôljen gien. 



Dizze mem hat de bûterkrêm makke want dêr moat 10 menuten foar klutst wurde yn in papke mei kustard dat op it fjoer stiet. Yn sa 'n foarbyld filmke giet it allegear hiel maklik en fluch mar thús duorje de tsien menuten ek echt tsien menuten. Hy hat doe wol in kertier oan it skodzjen west mei in doaske mei kokos en blauwe kleurstof en dernei wie it safier. We ha tegearre it earste koekiemonster makke en dernei ek lekker elk de helte opiten.




De oare moarns wiene we betiid fan 't bêd ôf om de rest te meitsjen. En wat wie it wer gesellich yn de keuken,  tegearre hurd oan it wurk. Doch my faker sokke mem/soan mominten. It ienichste wat in mem leare moat is loslitte en dat is dizze kear hiel goed gongen. It skeelt ek dat de soan al 11 jier wurden is en al in protte sels kin sûnder help. Om acht oere stiene dizze 26 koekiemonsters op it oanrjocht klear.



Wy hiene de koekiemonsters in lyts sjerpwaffeltsje yn de mûle stoppe. Dochs fûnen we it noch wat te grut en hawwe der in stikje ôfsnyt. Dan wie it better yn ferhâlding. De reaksjes fan de bern wiene hiel ferksillend. Der binne altiten in pear dy 't neat lekker fine, dan noch in pear dy 't net fan kokos hâlde (dus hasto in alternatyf lit it dan eefkes witte). Oaren hawwe it hearlik opiten en wat it leukste wie foar de soan: elkenien fûn se prachtich.

02-01-2013

Alvestêdebrokken

It is alwer in skoft lyn dat ik in appeltaartbestelling hie fan immen dy 't in streekje foar hat. Oare minsken moatte de taart ophelje, by har ha ik 'm besoarge. Mar dat hat dan ek wat opsmiten, ik krige kofje en doe 't ik letter de bakfoarm werom krige siet der in resept yn fan Elfstedenbrokken. Sy hie it resept ek wer fan in oar en oan de namme te sjen is it in dûmnysmefrou. Ik ha gauris wat oer de âlvestêdebrokken op twitter setten. De iene kear bakte ik se mei ljochtbrúne bastertsûker, de oare kear mei donkerbrúne. De iene kear hie ik studintehaver kocht, de oare kear gewoan rezinen en losse nuten. En ik hie tasein it resept in kear mei jim te dielen. It like my no in moaie tiid om dat te dwaan. As jim noch krystfakânsje hawwe is der miskien wol tiid om dit resept in kear te meitsjen.

Wat hast nedich: 

250 gram selsriizjend bakmoal (of 150 gram wyt moal, 100 gram grouwetenmoal en 1 tl. bakpoeier)
150 gram hjouwermout
200 gram brúne bastertsûker
200 gram raande bûter
1 aai
4 of 5 appels
sekje studintehaver
kaniel
bakblik of bakplaat fan 28 cm trochsneed


Hoe makkest de brokken:

  • Ming it moal, de hjouwermout en de sûker troch mekoar.
  • Rier de raande bûter en it aai der ek troch
  • Doch dit kleverige daai yn de bakfoarm
  • Dan de rezinen der oer hinne ferdiele
  • Raspje de appels en ferdiel dit dêr wer oer
  • Brek dan de nuten yn stikjes en strui de stikjes oer de appel
  • Dan (nei smaak) de kaniel der oer struie
  • Bak de brokken yn 1 oere en in kertier yn in foarferwaarme ûne op 140 graden
  • Lit it ôfkuolje en snij it yn brokken.
Der mar lekker fan ite, soe ik sizze. Om't net elts in wurdboek by de hân hat hjir in oersetting fan twa wurden dy 't brûkt binne yn it resept.

grouwetenmoal = volkorenmeel
hjouwermout = havermout