30-12-2012

Dat kin wol ris wer

It is alwer in skoftke lyn dat ik mei myn baksels op de krystmerk stie yn Easterein. Yn de kream fan de tsjerke fan Wommels mei allegear griene kryststikken en krânsen, ljochtsjes en myn farsk bakte guod. It earste wat der ferkocht waard wie in Johannes Rypma traktaasje. Dat wie wol in echte blikfanger. It earste heal oere waard der wol fan alles besjoen mar wiene it allegear sneupers mar dernei gong it hinne. Ik hie appeltaart stikken te keap en âlvestêdebrokken, whoopies en cupcakes. De âlvestêdebrokken wiene om 17.00 oere op en ek de appeltaart ferkocht goed en de Johanneskes wiene ek hast op. Myn freondin en ik waarden ôflost yn de kream en soene eefkes de merk oer en dan nei hûs. Ik tocht noch dat ik hurd oan it wurk moast om brokken en sa by te meitsjen mar doe begong it te reinen. En te reinen en te reinen en it hold net wer op. 


Wy hawwe noch hearlike sop krigen fan de organisaasje om op te waarmjen mar dernei hie ik wol troch dat ik net mear bijbakke moast. Alle besikers wienen nei hûs, der kuieren noch ien as twa ûnder in grutte paraplu by de kreamen lâns mar dat wie it dan ek wol. Doe 't ik thús siet te iten kaam in tillefoantsje dat de merk ôflast waard om it minne waar. Spitich foar elkenien dy 't der noch hinne woe, foar de organisaasje en de kreamhâlders. Dochs wie it hatstikke leuk om te dwaan, om yn it foar fan alles te bakken en te sjen wat goed ferkeapet en wat net. Whoopies binne hiel leuk om te sjen mar hiel ûnhandich om mei te jaan. Ik ha hiel wat leard fan dizze merk en ha no al sin oan takom jier en litte we hoopje dat it dan wol droech is. 



03-12-2012

Whoopies

In skoft lyn ha in boek mei allegear whoopies op de jierdei krigen. De namme whoopie komt omdat de taartjes sa ferskuorrend lekker binne dat minsken whoopie rôpen as se ien op iten. No ja, dy dingen komme út Amearika en dêr oerdriuwe se wolris wat. Yn it Nederlânsk hjitte se joepietaartjes. Ik wie der noch net oan ta kommen om se te meitsjen mar ferline wike wie it dan safier. Earst ha ik gewoane whoopies makke. En dit wiekein ha ik donkerbrúne makke mei kleurde bûterkrêm. Ik ben sels net sa fan de kleurstoffen mar de bern fine it sa moai. Dat fuort mar in kear en se sjogge der goed út. 




It soe samar wêze kinne dat ik dy ek meitsje foar de krystmerk yn Easterein. Ik bin noch oan it betinken wat ik dêr it bêste ferkeapje kin want ik wol perfoarst dat it farsk is. En ik ha besocht krystwhoopies te meitsjen mar dat guod wat ik no brûkt ha wol net moai tekenje. Dêr sil ik noch wat oars foar betinke. Ik hâld jimme fansels op de hichte. 



23-11-2012

Krystmerk Winterwille

Yn Easterein is in krystmerk op 14 desimber en dit jier sil de aksjekommisje Jacobitsjerke der ek in kream hawwe. Der wurde kalinders, krystkrânsen, ljochtsjes en sa ferkocht om jild yn te sammeljen foar de renovaasje fan de Jacobitsjerke yn Wommels. En ik sil foar harren oan it bakken dus is Bak en Brij ek oanwêzich al is it net mei in eigen kream. It is de bedoeling dat jim fan myn taarten in stikje keapje kinne en dus daliks priuwe. Dogge jim dan noch in bestelling foar in taart dan giet ek fan dat bedrag de helte nei it goede doel. Ik fertsjinje der net oan mar hoopje sa wat mear bekendheid te krijen. En ik doch it fansels foar ús tsjerke. 



Dus minsken, allegear nei de krystmerk yn Easterein en net earst teedrinke thús. Helje by ús kream in lekker stik taart of in cupcake mei poeiermolke en stypje it goede doel.

30-10-2012

Huishoudkunde en Appelpudding

It is alwer hiel wat jierren lyn dat ik yn Snits nei de Intas (interim algemene schakelopleiding) gong. En yn de twa jier dat ik dêr nei skoalle gie hiene we it fak 'huishoudkunde'. By de boekelist dy 't we krigen hiene stie ek in itensiedersboek en dat mienden mem en ik by de Hema te finen! Doe 't wy dermei thús kamen wie it fansels net it goede boek mar de titel wie wol ûngefear itselde. Stap-voor-stap koken is de namme fan dit boek en ik ha der miskien wol 20 jier neat mei dien. Mar doe 't ik út de hûs gong ha ik it wol meinommen en ik sjoch der de lêste jierren gauris yn want it stiet fol mei hiele lekkere âlderwetske Ingelske resepten. Sa ek it resept wat ik jim dizze kear jaan wol. It is it resept foar in neigesetsje; appelpudding.

Foar it basisbeslach hast 100 gram wytmoal, in mespuntsje sâlt, ien aai en trije dl molke nedich. En dit makkest earst want it beslach moat in heal oere stean foar it bakken!

Doch it wytmoal en it sâlt yn in kom, meitsje in kûltsje yn 'e midden en brek it aai dêr yn. Jit stadich de helte fan de molke by it aai en wurkje der mei in houten leppel it wytmoal fan de sydkant troch. Klopje dan mei de mikser de rest fan de molke der troch oant it in moai glêd beslach is en lit it 30 menuten stean!

Skyl dan 500 gram oan smotsappels, doch it klokhûs der út en snij de appels yn dikke plakken. Fetsje in ûndjippe fjoerfêste skaal yn mei ryklik bûter en waarmje dizze foar yn de ûne op 220 graden. Lis dan de appelplakken deryn en strui der goed wat brúne sûker oer en set de skaal dan 10 menuten yn de ûne. Kluts it beslach noch eefkes goed troch en jit it dan oer de appelplakken. Set de skaal werom yn de ûne en bak de pudding in dik heal oere (of mear) oant er moai rize en brún is. Strui der noch in bytsje gewoane sûker oer en set it daliks op tafel.

Om 't de pudding by ús langer nedich hie as in heal oere (baktiid) hiene de bern al wat oars hân en hawwe wy der tegearre oer te set west. En dat wie gjin straf dat sil ik jim wol fertelle.

16-10-2012

Wat in pop!

Ien kear yn it jier dan is it safier, der moat trakteare wurde op skoalle. En dan is it altiten in hiel gedoch om wat leuks en lekkers te finen. Nei jierren fan sûne traktaasjes wie ik der wol in bytsje klear mei. It stiet yn de skoalgids dat it sûn moat mar as de bern in bytsje âlder wurde fine se dat net mear leuk. En foaral net as oaren wol op snobbersguod traktearje. It ôfrûne jier ha ik dêrom mar loslitten dat it gjin snobbersguod wêze mei. En doe ha de soan en ik oan it sykjen west nei in traktaasje dy 't lekker en leuk 
wie. En dit is it wurden: 


Keapje sâlte matsjes, kersesnoepkes en in sek marshmallows en satéprikkers. Meitsje in moaie foto fan it bern en druk dy (pasfotoformaat) ôf op fotopapier. Set dan tegearre mei it bern de popkes yn mekoar en prik se yn in stik pypskom of in koal. 


Leuk en lekker 


15-10-2012

Dat is oare koek

It moat no mar ris wurde tocht ik ferline wike. Ast 'echt' foar dysels begjinst dan moast sa no en dan in stap meitsje seit de jobcoach of hoe 't sokke minsken ek mar hjitte. Dus hie ik ek betocht om mar ris in stap te nimmen. En de earste stap dy 't ik naam wie in namme betinke. Dat slagge al yn in moarnskoft, al hie ik der fansels al folle langer oer neitocht. En doe ha ik daliks noch mar in stap setten. Ik ha besitekaartsjes en stickers besteld. 



Moai wurk om by Vistaprint in kaartsje te meitsjen en ek ferhipte maklik. Mar moast der wol om tinke ast net te djoer wolst. Foar dast it witst hast fan alles oanklikt wat wol jild kostet. Mar dat jout neat, gewoan fuortklikke en op 'e nij begjinne. En dan binne se tige tûk want ast sa 'n kaartsje makke hast dan krigest de kâns om allegear oare dingen te bestellen en dy binne al hielendal opmakke mei de gegevens fan dyn kaartsje. Pennen, doaskes, stickers, promoasjeflagen en wit ik wat al net mear. Ik ha my ynhâlden en allinich wat stickers besteld want dat stiet sa leuk op in taartdoaze. 



Fan 'e jûn ha ik in appeltaart besoarge (spesjaal gefal, oars is it ôfheljen) en wat is it leuk om der in kaartsje by te dwaan. It hat ek alwer wat opsmiten dat fuortbringen want as ik de bakfoarm werom krij dan docht se der in bakresept yn foar in ferskuorrend lekkere koek. Ik ha der no al sin oan. Wa wit 
stiet de koek nije wike op Thuisafgehaald.nl Sykje op Wommels :)

09-10-2012

De ECI en sitroenfla

Ik bin doe't ik hast op mysels wenjen gong ris belle troch de ECI. Jim witte wol, dan krigest sa'n gids thús mei allegear boeken en cd's en dêr moastest dan ien kear yn it kwartaal in bestelling út dwaan. Heit en mem hiene oanjûn dat se net mear lid wêze woene en de mefrou belle om te hearren as sy ús ek noch omprate koe. 

Se krige my dus oan de tillefoan en se hie byt. Hoe âld of 't ik wie en dat ik wol lid wurde koe, dan krige ik deselde koarting yn jierren dy 't eins foar ús memmendy wie. Om 't ik wol graach boeken lês, hast op mysels wenjen gong en de koarting foar mear as 15 jier wie ha ik de stap nommen. 

It gong de earste jierren goed mar nei in pear jier fan boeken/cd's bestellen waard ik der wat sleau yn. En wat barde der dan? Asto gjin kar makkest foar in datum dan stjoerden se dy in boek ta en dat wie meastentiids in titel wêr 't gjinien op siet te wachtsjen. 

Sa bin ik oan in boek oer Callanetics kommen, in soarte fan gymmestyk. En in boek oer sûnens: "Voel je goed, voel je beter". Mar en no komt it, ek in boek oer itensieden: "Kookkalender". Doch ik mei de earste beide boeken neat ( ik bin al linich en ik fiel my goed), dit lêste leit yn it laatsje fan de keukentafel en ik helje it gauris foar it ljocht. En dit boek, skreaun troch Jeanne Scheepstra en Annebet Stam makket dat ik my net bekocht fiel troch de ECI. It boek stiet fol mei foar alle dagen in menu, hielendal ôfstimt op de seizoenen. Foar 365 dagen resepten en noch in bytsje mear. Fantastysk!

En no wêr 't it allegear om giet fansels en dat is dit hiele gewoane mar lekkere resept foar in neigesetsje út de Kookkalender.

Do hast giele fla, kwark en sitroensap nedich. Ik doch 6 dl fla, 250 gram kwark en in heale útparste sitroen. Kinst ek in speet út sa 'n plestik giele sitroen út de supermerk dwaan. Kluts de boel troch mekoar en do hast in lekker fris neigesetsje. De ferhâldingen kinst oanpasse oan dyn eigen smaak. Besykje is mar ris. Net djoer, net dreech mar gewoan lekker.


08-10-2012

Berteberjocht

Nei in moarnskoft ompielen en blêderjen yn it wurdboek is it dan safier. Ik ha in nije namme foar myn webtaurant en foar dit blog fansels. LekkeritemeiP. kin noch hieltiten mar de namme is net mear. Ik sil jim no mar net langer yn spanning hâlde, de nije namme is.....tatatataaaaaaaaaa


 bak en brij

Bij 'bak en brij' kinst taarten en neigesetsjes bestelle fia dizze webside, mar ast dit blog folgest dan kinst ek sels de boadskippen dwaan en de resepten meitsje. Wol sa handich foar al dy minsken dy 't net yn Wommels of omkriten wenje.

07-10-2012

Bastogne/kerseneigesetsje

We ha krekt waarm iten en ik hie it neigesetsje klear makke wêr 't ien fan de bern hieltiten al sa 'n sin oan hie. It soe hast noch oer gean want de slagrjemme wie oer datum. Mar ik ha de man eefkes rûke litten en as hy seit dat it goed is dan kinne we it mei in gerêst hert ite. 



It is in resept foar seis persoanen en wy binne hjir mei syn fiven. It waard hast noch slaanderij om it lêste protsje dat wy hawwe as heit en mem mar sein dat wy al sêd wiene (al hiene wy ek noch graach in twadde kear opskept). Koene se it mei harren trijen diele. Dat seit wol hoe lekker as it is :-)

It resept:
200 ml slagrjemme
70 gram sûker
200 ml kwark
1/2 pak Bastognekoeken
1/2 of lytse pot kersen

Doch de kersen yn de gatsjepanne en lit se útlekke. Klopje de slagrjemme stiif mei de sûker. Skep de kwark  troch de slagremme mei in grutte leppel. Ferkrommelje de Bastognekoeken yn in ôfdroegersdoek. Mei de hannen slaan of dy lekker útlibje mei de daairôle. Doch de krommels ek troch it slagjremme/kwarkmingsel en dernei de útlekte kersen. Set it eefkes yn de kuolkast en ast it yn de skaaltsjes dochst dan makkest it moai ôf mei in kers en noch in ferkrommele koekje.  


Lekker ite mei P.

26-09-2012

It lekkerste bernebakboek

Dit is 'm dan: it boek dat ik lêsten foar mysels kocht ha. Het lekkerste Kinderbakboek. 


Earst hie ik it boek lient by de bibleteek mar doe 't ik it yn Wommels yn de boekhânnel stean seach ha ik daliks myn boekebonnen fan hûs helle en it foar mysels oanskaft.
Wat in moai boek foar grutte en lytse bakkers, mei prachtige foto's en dúdlike resepten.
Ek wurdt der yn it boek oandacht jûn oan basiskunde, toplagen, fersieringen en sûkerlaachjes.

Bisto fan dysels net sa 'n koekiebakker, mei dit boek slagget it dy grif om wat lekkers op tafel te krijen.
Besykje it mar ris. It boek is te lien by guon bibleteken yn Fryslân. Reservearje kin hjir http://bit.ly/OpIvqx 



21-09-2012

De appel falt net fier fan de beam.

Ik ha ris in prachtich ôfskreaun boek kocht by de bibleteek. De titel is 'De smaak van het landleven' en der steane hiele lekkere resepten yn. Fan bôle, taart, koekjes en cake, mar ek fan chutney's, sauzen, sjem ensfh. Dizze cake fan appels dy't neist de beam falle, is foar elkenien dy 't in beam yn de tún hat en de appels fan de grûn net fuortgoaie wol.

Hy is maklik om te meitsjen en hy smakket it alderlekkerst as de cake noch wat waarm is. Wat hasto nedich: yn elts gefal in cakeblik/springfoarm fan 20 sentimeter en 

250 gram selsriizjend bakmoal
snufke sâlt
175 gram margarine
100 gram fine sûker
100 gram rezinen
350 gram skylde appels (en yn stikjes)
2 aaien
poeiersûker

Cakeblik ynfetsje, dan de moal en it sâlt yn in kom silje. Snij de margarine yn lytse stikjes en skodzje it troch mekoar. Doch dan de rezinen, sûker en appels derby en skodzje it wer goed troch mekoar. Dan mei in houten leppel de aaien der troch riere. Mar it mei perfoast net kloppe, it bliuwe allegear stikjes. Ferwaarmje de ûn op 180 graden en set de cake der sa 'n 50 menuten yn. Eefkes besykje as dyn satéprikker der skjin út komt, oars noch in bytsje langer. Bytsje ôfkuolje litte en dan de poeiersûker der oer struie.



Ik doch sels altiten bakpapier yn it rûne blik en lit dat oer de râne hingje. As de cake dan in bytsje ôfkuolle is dan doch ik de foarm derom wei en in lintsje om it bakpapier en dan is it in moai en lekker kado om fuort te jaan. Moarns daliks meitsje en dan nei ien om kofje. Ik wit seker dast gauris wer komme meist :-)

De foto's: boppe, sûnder lintsje mar mei poeiersûker en ûnder as kadootsje.





19-09-2012

Oare webside, selde kwaliteit



Ik bin oerstapt op in oare webside. Sa, dat jim it mar eefkes witte. 

Mar dat is dan ek it ienichste wat feroare is, de taarten binne noch itselde (de appeltaart noch lekkerder want de Elstar appel is der wer) en do kinst no ek makliker in fersykje yntsjinje foar in oare datum.

In hiele protte minsken hawwe in Facebook akkount en by dizze webside kinst ynlogge mei dyn Facebook akkount. Hoechst dus net earst wer in oar akkount oan te meitsjen. Dat gedoch mei wachtwurden ensa besparje ik dy op dizze wize.

Ferline wike wie ik op in jierdei en dêr wiene wat minsken dy 't neat ôfwitte fan myn taartebakkerij. Ik moast mear reklame meitsje. No kin ik oeral posters ophingje mar ik bin sels mear fan de 'social media'. Dus hjirby in fersyk oan dy as lêzer fan dizze blog: stjoer 'm troch. Tige tank en mar wer Lekker ite mei P.

O ja, de nije webside fansels: thuisafgehaald.nl

11-08-2012

Ite op de kamping

Wat binne wy heerlik nei de kamping west, flak ûnder Maastricht en wat wie it dêr moai waar. Dit jier troch famylje omstannichheden spitich genôch gjin tante op besite op de kamping en dus ek gjin nij fakânsjeresept. Mar fansels hawwe wy wol iten hân en ek lekker iten want ik bin der sels ek by. En wa 't my mei nimt op fakânsje kin altiten lekker ite mei P.


It maklikste resept sil ik foar jim opskriuwe want it smakket thús ek goed. Dus ha jim al fakânsje hân dan jout dat neat. Dit resept is foar 4/5 minsken.

Keapje:
250 gram spekreepkes
700 gram krieltsjes/ierpelblokjes (kuolfak)
grutte pot of blik beantsjes
1 sipel
(en ast it lekker fynst kinst ek sjampinjons meibakke)


It kin allegear yn ien grutte panne en it is dus ek in leuk resept foar de skottelbraai.

Snij de sipel yn stikjes en bak dizze mei de spekreepkes, doch de krieltsjes derby en as it lekker bakt is allegear dan de útlekte beantsjes derby en eefkes trochwaarmje. Lekker mei appelsmots en/of mayonêze.


24-07-2012

Simmer iten

It is fantastysk waar om te barbecueën, mar om no twa jûnen achter mekoar?? Foar de minsken dy't hjoed wol wat oars makliks wolle ha ik noch wol in simmersk resept. 
Meitsje in panne mei rul bakt gehak, brúne beane en Tex Mex seasoning miks en lit it tsien menuten pruttelje. 
Doch yn ferskate skalen it folgjende: snijde iisberchsla, stikjes sipel, tomatestikjes, paprika blokjes en raspe tsiis. Meitsje tortilla's waarm yn de magnetron (of yn it koekepantsje ast op de kamping bist) en lit elts syn eigen tortilla folle mei wat er lekker fynt. Knyfloksaus is der ek hiel lekker by. Ast de tortilla in bytsje handich optearst dan kinst it sa út de hân ite en hast gjin smoarge itensboarden.


Dit resept is ek hiel handich ast in soad iters krigest en hoechst net lang yn de waarme keuken te stean. Wy meitsje it ôf mei in lekker meksikaansk bierke foar de grutten en sitroenlimenade foar de bern. 

11-07-2012

Fakânsjeresept

It liket noch op fleanen mei it waar mar it is hast safier; simmerfakânsje. Foar de minsken dy 't it oandoare om nei de kamping ha ik wol in fakânsjeresept.


Wy hiene jierren in allinichgeande (skoan)sus en dy kaam dan yn de fakânsje faaks in wiekein of in dei by ús op de kamping. In bytsje ôfhinklik fan wêr 't wy sieten fansels. En it idee ûntstie dat sy dan ek ien fan dy dagen it iten dwaan soe. Thús gong se wakker op syk nei in maklik en lekker resept en dat makke se dan op  it kampinggassteltsje. It wie net sa maklik om in goed resept te finen want wy hawwe der ien by dy 't lang net alles lekker fynt. Mar dit resept út 2008 is goed yn de smaak fallen en wy ite it no thús ek gauris as we hurd moatte. De sus hat ûndertusken in leuke fint troffen (dus reageare hoecht net, mannen :-) mar komt wol wer in wiekein by ús op de kamping. Ik tink dat se no alwer op syk is nei it resept foar dizze simmer. 






Foar jim hjir it resept, wy neame it Bonenschotel Hittina.


Nedich foar 6 persoanen:
250 gram riis
400 gram (krûde) gehak
Grutte pot 'bonenschotel mexicaans' fan Hak
Blikje kidney beans (255 g)
Lyts blikje ananasstikjes
Nacho sjips
Raspe tsiis


Sied de riis sa as op it pak stiet. Bak it gehak rul en doch der ekstra krûden troch. Ik brûk meast piper en paprikapoeier. Doch de pot 'bonenschotel mexicaans' en de kidney beane derby. Ek it blikje ananas MEI it sop giet der hielendal troch. As it goed waarm is = it klear. 
Servearje it mei de riis, de nacho sjips en in skaaltsje raspe tsiis. Mei lytse bern is it lekker om de appelsmots by te jaan. Lekker ite mei P.

09-07-2012

Ierdbeitiramisu

Ik set gauris op Twitter (ûnder de namme Fryskfrommes) wat ik doch.  It wie mar in pear tellen nei 't ik tweete dat ik ierdbeitiramisu meitsjen gong dat der reaksje kaam fan de oare kant Ljouwert. Yn de Wâlden woene se ek graach it resept. No bin ik de minste net en ha ik it daliks yn in pear tweets dielt mei wol in hiel bekinde Fryske skriuwer. Hjoed kaam op Twitter in foto foarby fan it resept, makke troch de prinses fan Boarnburgum. En it seach der goed út. Neffens my hie se der lytse marshmallows oer struit. Fersiertip nûmer 1.
Hjirûnder it resept en 2 foto's fan myn ierdbeientiramisu.




It resept

Yngrediïnten foar 6 minsken:

750 gram ierdbeien
3 aaien
100 gram sûker
375 gram maskarpone
2 leppels wetter
1 leppel poeiersûker
heale sitroen
12 lange fingers
muntbledsjes
hakke pistachenútsjes


Waskje de ierdbeien en helje de kroantsjes derôf en snij se op 12 stiks nei yn skiifkes. Meitsje ierdbeisaus troch 200 gram ierdbeien, it wetter, de poeiersûker en it sap fan de heale sitroen te miksen.


Miks de aaidjerre mei de sûker en doch de maskarpone der troch. Klopje de aaiwiten op en skep it hoeden troch it maskarponemingsel.


Nim 6 glêzen en doch yn elts glês skiifkes ierdbei. Brek de lange fingers yn twa stikken, helje se troch de ierdbeisaus en lis se op de skiifkes. Folje it glês fierder mei it maskarponemingsel, dan wer lange fingers en as lêste wer in laach ierdbeien. Jit de oerbleaune ierdbeisaus deroer en set de glêzen op syn minst 3 oeren yn de kuolkast. 


Fersier dyn neigesetsje mei 2 ierdbeien en hakke pistachenútsjes. 



En mar wer lekker ite mei P.

04-07-2012

Kokoskoek en Slachtemarathon

As ik earne op besite gean en ik ha tiid dan besykje ik meastentiids wat lekkers mei te nimmen. Sa ek doe 't ik nei in freondinne gong dy 't hiel ûnferstandich de Slachtemarathon rûn hie mei in yntapete foet. Om 't de stakker net mear rinne mocht woe ik har ferwenne mei in farsk bakte kokoskoek. 


No riede jimme it fansels al; it ding is sa yn de smaak fallen dat se sels ek graach ien bakke wol. Fuort dan mar en daliks foar jim allegear it resept.
Ik moat earlik sizze, it resept ha ik net sels betocht mar ek fan immen krigen. De kokoskoek is maklik te meitsjen en och sa lekker. Farsk bakt is de koek noch kleverich en dreech te snijen mar wol it âlderlekkerst. 






It resept.


Wat hast nedich:


125 gram bûter
250 gram wite basterdsûker
2 aaien
3 leppels selsrizend bakmoal
200 gram kokos


Raan de bûter en miks dan de sûker der troch. Dan ien foar ien de aaien, dernei it moal en as lêste de kokos. 
Fetsje in bûterkoekfoarm yn fan 26 sm. (ik doch der altiten in stik bakpapier yn) en doch it beslach deryn. Set it yn in kâlde ûn (= oven) en bak de koek 30 menuten op 200 graden.


Lekker ite mei P

Resepten

Ik wie it net fan doel mar no is it dochs safier. In nij blog mei de namme fan myn webtaurant by Tweetjemee.nl. Fan 'e middei ha ik in resept fan ierdbeieentiramisu op twitter setten en yn de mail siet in fersyk om it resept fan de kokoskoek dy 't ik lêsten bakt hie. En yn de bieb kaam der ien by my om it resept fan in shoarmasalade. Hie it alris earder fan my krigen mar wie it kwyt rekke. 


Omdat it in hiel gedoe wie; de iene kear mei in fekeard eameladres en fan 'e middei mei foto's op twitter, woe ik it samar dwaan. As ik in resept mei jim diele wol dan set ik it yn dizze blog en dan moatte jimme sels mar boadskipje en it meitsje. Foar bakte taarten fan my kinne jimme maile fia www.tweetjemee.nl en sykje op Wommels. Klik dan op de knop: mail deze buurtchef en it komt foar mekoar.