19-12-2013

De winner fan it heksehúske

Op krystmerk Winterwille yn Easterein ha ik it heksehús ferlotte. It wie ek in moaie blikfanger yn de kream. Alle minsken dy 't meidien hawwe en 50 sint ynlein hawwe foar Unicef, tige tank. En de winner hat it húske al in wike thús mar ik tocht ynienen dat jim miskien wol witte woenunie wa 't it wûn hat. Tatatataaaaaa ..... en de winner is: Petra de Jong út Lollum. Janneke fan Unicef hat it winnende lotsje lutsen oan de ein fan de krystmerk. 

11-12-2013

Heksehúske foar Unicef

Ik hie lêsten mei in aksje in pakket wûn wêr ast in heksehúske mei meitsje kinst. Ik bin der nei it Sinteklaazjen daliks mei oan de slach gien. 


It is in soarte fan bakbouwpakketsje ast it bakt hast. 


En it is in hiel gedoch om it yn mekoar te krijen mar it is moai wurden. De reaksjes op twitter binne ek posityf en it stiet hjir prachtich te stean op de tafel. 


Om 't ik it leuk fyn dat mear minsken it húske sjogge tocht ik it mei nei de krystmerk Winterwille yn Easterein te nimmen freed. En nei in nachtsje sliepen is de folgjende aksje betocht: ik ferlotsje it húske foar Unicef. Hoe komt se no by Unicef sil jim tinke? No dat sit sa, ik stean yn de kream by Unicef. Sy it grutste stik en ik in hoekje, mar dan stean ik wol fergees. Om dochs by te dragen yn de kosten en foar it goede doel doch ik in diel fan myn opbringst nei harren. Foar it heksehús kinst dyn namme freed foar € 0,50 op de list sette en dan lûk ik oan de ein fan de dei in winner. No sa! Dus ik soe sizze, kom lâns en doch mei. 

02-12-2013

Fûgelfrij

Fan no ôf bak ik mei aaien fan buorkerijwinkel Fûgelfrij. Biologyske aaien út Hichtum. Ik bakte der wol faker mei as ik se by ús Jochum út de winkel meinaam mar de lêste tiid kamen de measte aaien fan de merk of út de Jumbo. En dat begûn my tsjin te stean. Der sitte faak reade stikjes yn it aaiwyt en ik wit net hokker hin se lein hat. No ek net hielendal, mar ik wit yn elts gefal dat de hinnen goed plak hawwe en de aaien smeitsje poerbêst. Dus no smeitsje ek al myn baksels noch lekkerder! Wat wol in minsk noch mear.



27-11-2013

Krystmerk

De kûgel is troch de tsjerke, it giet oan, jim sjogge my wer op de krystmerk fan Easterein: Winterwille. Ferline jier stie ik dêr ek yn de kream fan de tsjerke fan Wommels om jild te fertsjinjen foar de renovaasje fan de Jacobitsjerke. Dit jier ha ik Unicef frege of ik by harren yn de kream mei en it kin. Hatstikke moai fansels, foar my, foar Unicef mar ek foar jim. Ik ha plak om te ferkeapjen, jim kinne myn baksels keapje en Unicef kriget der ek wat fan. Ien en al win - win, soe 'k sizze. 
Ik sil oan it betinken wat ik allegear bakke wol en wat jim lekker fine sille :-) Dizze trijedûbele brownies miskien wol.



Ik soe sizze: sjoch jim op de 13e desimber yn Easterein fan 15.30 - 20.30 oere. Gesellich!

26-10-2013

Mini-tarte tatins

Ik sil der net in protte wurden oan smoarch meitsje want it is mar in hiel simpel resept. Do skylst twa lytse appels yn mini-blokjes en dy skepst om mei oardel leppel sûker. Yntusken hast 3 plakjes blêddaai ûnttaaie litten en yn fjouweren dien. Skep de appelstikjes yn in lytse muffin foarm en lis der in daailapke oerhinne. Goed nei binnen teare, in pear gatsjes deryn prikke, bestrike mei in bytsje molke en rûgelje der noch wat sûker oer ast dat lekker fynst. Dan sa'n tweintich menuten yn de ûne op 200 graden en de mini-tarte tatins binne klear.



In pear menuten ôfkuolje litte en dan mei in mes lâns de râne los meitsje en omkeare op in skaal. Kinst se mei wat gember-rjemme jaan. 
Dat makkest sa: 200 ml crême-fraiche los riere mei twa ytleppels gembersjerp. Lit it dy lekker smeitsje. Dit resept komt ek wer út 'Appeltaart' fan Janneke Philippi.


18-10-2013

Appelroaskes

Hjoed frege ik op twitter wat ik ris meitsje soe mei appel en dat tips wolkom wiene. Ik krige in hiele leuke reaksje oer appelroaskes. Mei foto's mar sûnder resept. Wat soe in minske kreatyf wêze moatte sûnder google, no hoecht dat net want in resept wie samar fûn. En it wie ek wol handich want it blykt dat je de appelskyfkes earst efkes siede moatte. Sa makkest de roaskes.

Do nimst in stik of 6 blêddaai lapkes en dy litst ûnttaaie. Undertusken skylst twa hânappels en dochst se yn fjouweren en it klokhús derút. Dan snijst se yn skyfkes en dy siedst yn in lyts laagje wetter in menuut as 5-10. Dat hinget fansels fan de appel ôf, do moast der mar by bliuwe want oars kin it samar smots wurde. Dan is der fansels noch neat wei, dochst der in bytsje sûker troch en hast in skaaltsje appelsmots. 

Mar hawar, we geane der fanút dat it gewoan slagget en do hast dan sachte appelskyfkes. Dochst wat wytmoal op dyn wurkplak/oanrjocht en dan leist de plakjes blêddaai op mekoar. Mei de daairôle makkest der in grutte fjouwerkante lape fan. Dat besmare mei in kwastke mei molke en dan in mingsel fan sûker en kaniel deroer struie. 

De lape dernei yn stroken snije en op sa'n strook in pear appelskiven lizze en de boel foarsichtich oprôlje. Ik ha se yn in rûn, plat bakblik setten en der noch wat sûker/kanielguod oer struit. Doe yn de ûne op sa'n 220 graden en dan sa'n 25 menuten bakke.


No hie ik ek al boere-appelkeek bakt en dus hiene we al wat by de tee en kofje. Om 't ik al hiel lang net in neigesetsje makke hie, ha 'k dat der mar fan betocht. Ik ha in doaze lekker fanylje-iis helle en wat sûkelarjesaus. 'k Ha in moaie skep iis op it skaaltsje lein, in bytsje saus der oer, it appelroaske derneist en ôfmakke mei wat poeiersûker. En sis no sels, dit soe net misstean yn in restaurant. Lekker ite.




09-10-2013

Appelspritsen

Hjoed is in lekkere dei om te bakken. Frij fan it wurk, gjin bern om 'e tienen en Gerrit Breteler sjongt wat op de eftergrûn. No ja, syn cd dan fansels. Sa't ik al sei bin ik fan doel om alle resepten te bakken út it boek Appeltaarten fan Janneke Philippi en dizze kear binne de appelspritsen oan bar. No moat ik earlik sizze dat ik spritsen út de winkel eins nea keapje omdat ik se net lekker fyn. Mar as jo alle resepten besykje sille dan moat je dizze net oerslaan.



Earst ha 'k trije spuitsekken fergriemt omdat it beslach tsjok wie. Mar lokkich ha ik lêsten in hiele set nije spuitmûlen kocht en de grutste die it goed.


Neffens it boek moasten se wol 20 oant 25 menuten yn de ûne, mar lokkich bin ik der by bleaun want nei in kertier wiene se al lekker brún bakt. Ik ha se op in roaster lein te ôfkuoljen en we hawwe by de tee mar eefkes ien preaun. Dit is hiele oare koek as dy dingen út in pakje. Sûnder te swetsen kin ik sizze dat se hearlik binne. En hielendal net dreech om te meitsjen, op it spuitsjen nei. 







06-10-2013

Appelsmotskeek

Fan 'e wike ha ik betocht om alle resepten út it boek 'Appeltaart' fan Janneke Philippi dit hjerst/winterskoft te meitsjen. En guon fan dy resepten sil ik hjir mei jimme diele. By dit resept stiet dat it in lichte keek is foar minsken mei in laktose yntolerânsje mar ek poer geskikt foar de freondin dy 't op dieet is of foar it gefal myn eigen feestjurk te strak sit. No ha ik de feestjurk al in skoft net oan hân mar dat soe samar ris kinne. Yn dizze keek brûkst hielendal gjin bûter. It is in lytse keek en bakst 'm yn in foarm fan 20 sentimeter. Om't ik de foarm ek net ynfetsje woe ha ik der bakpapier yn lein. Eefkes 50 - 55 menuten yn de ûne, ôfkuolje en dan lekker opite.
De keek is sêft en elastysk en de smaak is ferhipte goed foar in keek sûnder bûter. Ik ha 'm makke mei smots út in potsje (lekker maklik) mar it resept is mei sels makke smots.


Ik jou jim hjir it resept dan kinne jim sels mar oan it bakken, it is er de tiid wer foar.

1 grutte hânappel
175 gram sûker 
3 aaien
150 gram selsrizend bakmoal

Skyl en snij de appel yn blokjes. Sied de blokjes mei ien leppel wetter en 25 gram sûker oant it smodzig is en set dan de staafmikser derop. Lit it goed ôfkuolje.
Ferwaarmje de ûne op 180 graden. Klopje de aaien mei 150 gram sûker oant it in ljochtgiele rjemmige krême is. De helte fan de bakmoal der troch spatelje en dan de helte fan de smots en dit fansels nochris oant it allegear troch mekoar mjukst is. De keek sa 'n 50 menuten yn de ûne bakke, in kertier ôfkuolje litte yn de foarm en dernei op in roaster.

Oanfolling: ast appelsmots út in potsje brûkst nimst 125 gram smots.

11-09-2013

Fergees itensiedersboek

In pear wiken lyn kaam der in aksje foarby fia twitter, koest fergees in itensiedersboek krije. Mar moast der fansels wol reklame foar meitsje wolle. Dat sjogge we dan wol wer tocht ik, want it moat fansels wol wat wêze. Ik sammelje itensiedersboeken en dan is in fergees eksimplaar in kadootsje. In pear dagen nei 't ik my opjûn hie krige ik it boek thús: Simple Pleasures fan Annabel Langbein. Miskien kinne jim har, ikke net. Wy hawwe nammentlik gjin kabel en dan misse jo noch wolris in sjef. It boek sjocht der goed út, der steane moaie foto's yn en dúdlike resepten. 


Ik gean fansels foar de bakresepten en as earste ha ik de 'fluweelzachte citroentaart' makke en dat like allegear goed. Mar doe't er klear wie smakke it net sa lekker. In nuver neismaakje en of dat no oan it resept lei of oan de kok dêr bin ik noch net út. Hjoed bin ik wer oan it bakken west en ha ik de 'eenpans appel-kruidkoek' makke. 








En doe noch wachtsje oant er genôch ôfkuolle wie!








In bakje tee setten, wat poeiersûker en wat hakte walnuten deroer en neist en doe priuwe. It wie heerlik en dat fûn ik net allinich. De rest fan de húshâlding hat 'm ek al in dikke 8 jûn. Dit is ek in goed resept om de appels dy 't ûnder de beam lizze te ferwurkjen.


Ast graach yn de keuken stiest dan is dit in moai boek mei allegear resepten per seizoen mei fleis, fisk, griente, fruit ensfh. En fansels wat bakresepten en dêr bin ik hiel bliid mei. Al tink ik dat ik der ek noch wolris wat oars út meitsje sil.

Understeande bon ha ik ek krigen mar ik ha it boek fansels al yn 'e hûs. Kinst it ek by www.bol.com bestelle en dan is dyn koartingskoade: 902-04876.


26-08-2013

Rappe taartsjes

Wa 't net sa handich is mei bakken is ôfhinklik fan de bakker of fan my om wat lekkers by de kofje. Dizze rappe taartsjes út de Boodschappen nr 8 2013 makket ek fan dy in keukenprinses. De taartsjes wurde dêr brûkt as neigesetsje mar wy hawwe se by de kofje hân en se binne lekker en maklik.

Dit hast nedich:
150 gram mascarpone
3 ytleppels fruchtesjem (read of oranje)
5 dikke plakken keek fan echte bûter (leafst sels makke, mar dy fan de supermerk kin ek)
moaie stikjes farsk fruit
poeiersûker

De mascarpone mei de sjem goed troch mekoar riere en dan yn in spuitsek dwaan. Snij 5 stikken keek en stek dêr in sirkel út (mei bygelyks in glês). Spuitsje toefkes mascarpone-krême op de keek en fersier it fierder mei farsk fruit. Stow der noch wat poeiersûker oer en tadaaaaa .... 


Kinst yn plak fan keek ek blêddaai rûntsjes bakke. Lit 5 stikjes blêddaai ûntteie en druk dêr in rûnte út. Bestryk it mei wat loskloppe aai en strui der in bytsje sûker oer. Bak de rûntsjes dan op 'e bakplaat mei bakpapier yn in foarferwaarme ûne yn 10 menuten goudbrún. 



08-08-2013

De handige hurdfytser

De (kamping)fakânsje foar dizze simmer sit der wer op en it wie de wiken dat wy fuort wiene goed waarm. We hawwe dan ek in protte yn it skaad sitten en lêzen. Op in dei seach myn hurdfytser in man mei in stikken fytstsjil. De man stie by ús op de kamping en wie wakker wiis mei myn hulpfeardige Fryske hurdfytser (dy 't ek fytsemakker is). Hy helle in nije binnenbân en myn hurdfytser soarge derfoar dat alle fersnellingen der wer goed opkamen of soksewat. Ik ha der net sa 'n ferstân fan, dat sjogge jim hjir wol. De man wie sa bliid dat hy wer fytse koe dat hy by ús tinte delkaam mei trije bakken fruit. Heerlik, heerlik, heerlik! mar mei it hite waar moast it fansels wol gau op, dus ik oan it tinken wat we der allegear mei koene. Fansels skeat as earste my de Libelle simmertaart yn it sin, dêr kin hiel wat fruit op. Mar hoe moast de boaiem bakke ast net in ûne yn de tinte hast?


De hurdfytser (dy 't ek útfiner) is tocht mei en hie de oplossing: De safari chef brûke as ûne. Dit is ús nije kampingapparaat wêrst op wokke, bbq-e, grille en wat al net mear kinst. It blêddaai moast op de bakplaat sei er en de wokpanne der boppe op as deksel. En it wie in merakel mar sa'n oardel oere letter leine der 5 lytse boaiems klear om ôf te meitsjen mei mascarpone-smarsel en fruit. Dat de Plus yn Eijsden krekt gjin mascarpone te keap hie moast ek noch oplost wurde. Lokkich hiene se yn de kampingwinkel noch in beker biogarde/yoghurt en dat smakke ek bêst genôch. En it stie ek noch moai op ús 40 jier âlde oranje retro itenspannen. Hasto ek sa'n safari chef en wolst it ek ris besykje dan stiet it resept foar de taart hjir.



05-07-2013

Simmertaart út de Libelle

Ik hie hjoed de Libelle fan buorfrou te lêzen en daliks op ien fan de earste bledsiden stie in simmertaart. It seach der frij maklik út en ik moast nedich wer wat #ferdivedaasjeopfreed hawwe dat ik ha it resept oerskreaun en de taart makke. En dit is hoe 't er wurden is ...


Wy hawwe hjoed lekker bûten iten en hiene klikjedei dus koe der wol in lekker neigesetsje komme. Der is net ien stikje oerbleaun sa lekker wie de taart. We ha hjoed ek in útfanhúzer dy 't lang net altyd alles lekker fynt mar hjir hat er 2 stikken fan hân. Lekker mei slachrjemme.


Foar wa 't de Libelle net hat is hjir it resept:

Foar de boaiem:
6 plakjes boerebûterblêddaai 
1 yl wytmoal
1 aai
3/4 yl sûker

Folling:
250 gr mascarpone
2 sekjes fanillesûker
siedsjes fan 1 fanillestokje
500 gram read fruit

munt of basilikumblêdsjes en poeiersûker

Ferwaarmje de ûne op 175/180 graden. Stappelje it blêddaai, strui wat wytmoal op dyn wurkblêd en rôlje der in moaie lape fan. Bytsje bijsnije, bestrike mei klutst aai en mei in foarke der gatsjes yn prikke. Dan de sûker der oer struie en dan op in stik bakpapier op de bakplaat de ûne yn. In menuut as 25/30.

Ofkuolje litte en dan de folling meitsje. Klopje de mascarpone mei de sekjes fanillesûker en de siedsjes fan 1 fanillestokje troch mekoar. Stryk dat oer de ôfkuolle boaiem. Ferdiel dan de reade fruchten oer de taart en lekker ite. Ofmeitsje mei poeiersûker en blêdsjes

29-05-2013

Soe dizze it skrift helje?

Ik sammelje tydskriften fan supermerken en skuor dêr resepten út dy 't ik noch ris meitsje wol. Guon resepten komme net oan de panne of bakfoarm ta. Dat giet dan sa: ik lês it resept nochris en tink dan mwaa miskien in oare kear. Dan lês ik it wer en tink, wat in protte wurk en as ik it dan wer tsjin kom goai ik it yn it âld papier.

Oaren binne mar krekt út it tydskrift of se wurde al útprebeare. Dizze sûkelarje-bitemuffins komme út de AllerHande 05-2013. It resept is fan Gonneke Brons en sy makket in hiele protte dingen mei biten. Ik woe altiten al mei biten oan de gong mar it kaam der mar net fan. Oant hjoed dus want sa 'n geskikt bakresept koe ik net lang lizze litte.



Resepten dy 't ik meitsje wurde hjir kritysk besjoen en preaun. We binne mei syn 5-en en as trije of mear it lekker fine dan mei it resept bliuwe en oars moat it yn it âld papier. De alderlekkerste resepten komme yn myn mei de hân skreaune skrift (ja, ja, der binne noch minsken dy't mei de hân skriuwe) en de 'hmmm, wol lekker' resepten bedarje yn in map.



Dit muffin resept komt by de oaren yn de map. Allinich de topping slagge net mei it resept fan Gonneke. Dat ha ik op 'e nij makke en pas ik foar mysels oan. Ik jou jim it resept (noch) net mar jim kinne de muffins wol by my bestelle.

25-05-2013

Rjêmme mei rabarber-framboazesmots

It waard heech tiid foar in nij neigesetsje. Fansels mei rabarber want it is no de tiid en dan moat it ek wurde. We hawwe eefkes foarpreaun en it smakke tige by tige. Dêrom ek daliks mar it resept foar jim.



Foar 4/5 persoanen hast nedich:

500 gram rabarber
2 el reidsûker
200 gram framboazen 
200 ml slachrjemme
2 el framboaze limonade
4/5 kanielbiskwytsjes


Sied de rabarber mei de sûker sa 'n 15 menuten sûnder deksel op de panne. Rier dernei de framboazen der troch en lit it ôfkuolje. Klopje dan de slachrjemme mei de framboazelimonade net al te tsjok. Skep de smots yn glêzen en krommelje der in kanielbiskwytsje oer. Ik ha se yn in plestik pûdsje dien en doe stikken slein met de daairôle. Dan skepst der noch in grutte lepfol framboazerjemme oer. Lekker ite.



30-04-2013

Hoera foar de nije kening

Ik fyn it wol in spesjale dei no 't Willem Alexander kening wurden is. En op in spesjale dei fyn ik it ek nedich om wat lekkers by de kofje te nimmen. Mar der siet neat mear yn de kast of kelder. By de moarnskofje hiene we de lêste stikjes rabarbertaart noch opiten. Lokkich kaam ik der oan 'e ein fan de moarn achter dat der gjin koeken wiene en wie der noch tiid om sels wat te bakken. Dat is in foardiel fan sa 'n taartebakhobby, jo hawwe eins altiten wol basisingrediinten yn de hús. 

Earst in biscuitbeslach meitsje, bakke en ôfkuolje litte. Dernei ha ik 'm opmakke mei it blikje manderijntsjes dat ik noch stean hie.
En tatatataaaaaa ...... it smakke lekker by de kofje.




Hoera foar de nije kening.

29-03-2013

Peaske-cupcakes

Bin fan 'e middei lekker oan it bakken west. Cupcakes foar de Peaskedagen, mar omdat je dy dingen net te lang bewarje moatte binne wy der daliks mar oan begongen. Dus mochtest guon bestelle wolle dan bak in farske nije foar dy. Earst ha ik de cupcakes bakt mei wat sitroenrasp troch it beslach.


Dernei ha ik der mei in spuitsek lemoncurd yn spuite foar de folling. Doe in frisse sitroenbûterkrêm makke mei sitroenrasp en sitroensap en in kleurke. Dat derop spuite as in soarte fan fûgelnestke en doe der aaikes op lein. En sa binne se wurden. Ik hâld sels net sa fan de kleurkes mar bern fine it altiten wol moai. 


Kinst se bestelle fia thuisafgehaald.nl Krekt as in protte oare taarten en koeken. Tsjinje in fersyk yn en ik sjoch of ik der tiid foar ha om it te meitsjen. Ik doch neat yn de friezer, do krigest it farsk of oars nim ik de bestelling net oan. 

10-03-2013

Happy fan bakken

Fan 'e wike wol trije kear troch de AH draaft om de nijste Allerhande te scoren. Earst hienen se it tiidskrift net y.f.m. distribúsjeproblemen mar sneon lei er yn it skap. Wêrom wie ik der no sa gleon op om dit nûmer te hawwen, dat sil ik jim fertelle. Dit maart nûmer hjit: Happy van bakken. No as der ien happy fan bakken wurdt bin ik it. 


Dizze bananebôle ha ik hjoed bakt en hy is lekker/lekker. Net gewoan lekker mar krekt in bytsje mear. De earste stikjes hawwe we by de tee hân en doe wie de bôle noch in bytsje waarm. It is in bôle mar it smakket in bytsje as cake. In echte oanrider en hy stiet der twa kear yn, ien kear gewoan (sa as op de foto) en ien kear mei sinesappel derop. Wolsto de bananebôle ek ris meitsje dan gau nei de Albert Heijn foar de Allerhande. 

27-02-2013

Hjouwermoutpankoeken

Ferline wike kamen se foarby op twitter, dizze hjouwermoutpankoeken. En by in tige sûn akkount fan @Goedelijn dat ik tocht dy wol ik ek ite. Ik ha it resept frege en krigen en hjoed wie it dan safier. Om kertier foar tolven kaam ik der achter dat ik noch gjin bôle helle hie en ek gjin nocht om dat hurd noch te dwaan. Mar ik hie wol hjouwermout yn it kastke en de rest fan de ingrediïnten. Om tolve oere sette ik de nije pankoekspanne fan de hurdfytser op it fjoer en ha 'k seis grutte pankoeken bakt. Se wiene op foardat ik der erch yn hie en dus gjin foto.

It iene bern hie dochs leaver 'gewoane' pankoeken, it oare bern fûn se och sa lekker. Se smakken my bêst en ik meitsje se grif wer ris. It moaie is dat se troch de hjouwermout soargje dat dyn bloedsûkerspegel yn balâns bliuwt. En ik ha de hiele middei noch net ferlet hân fan oar iten.

Wolst se ek in kear meitsje dan is hjir it resept foar tolve lytse of seis grutte pankoeken.

125 gram hjouwermout 10 menuten yn 450 ml (soja)molke weakje. Dan 1 aai, 60 gram wytmoal, 1 teeleppel bakpoeier, 25 gram sûker, 2 ytleppels (oliif)oalje en in heale teeleppel sâlt der troch riede. Bak se yn in menút as 3/4 brún en hâld se lekker tin dan binne se it lekkerst. Ite mei sjem, brúne sûker, farsk fruit of huning.

17-02-2013

In soart fan wentelteefjes mar dan oars

In pear wike lyn op in moaie winterse snein wie ik mei in freondin te kuierjen en samar midden op ús rûte bedarren wy yn Noflik Easterein. Lekker waarme poeiermolke drinke mei wat lekkers derby.
Ynienen sjocht myn freondin in pear âlde Libelles lizzen. We pakke se derby, nimme noch in poeiermolke en ha in protte wille mei dizze blêden. Mar wy komme der ek efter dat froulju fan dy tiid deselde dingen wichtich fûnen as wy no. Sjippe foar in sêfte hûd, it bêste himmelguod, tips foar de húsfrou en noch folle mear nijsgjirrige dingen. Der stiene allinich wat mear patroanen yn fan festen, jurkjes en sels in breiden swimpak. Oars moast der sels mar ris hinne. De Libelles lizze der grif noch wol.

Yn ien fan de Libelles (neffens my út 1959) stie in resept foar Beschuitkoekjes, ik neam se Bakkoeken. Ik krige in bryfke fan de leuke frou yn de bestjinning en in pen en koe sa it resept mei nei hûs nimme. Ik ha it op it prikboerd hongen en eins wie ik it in bytsje fergetten oant hjoed. Sakrekt ha ik it resept makke en it wie lekker. In soart fan wentelteefjes mar dan oars. Ik diel it resept hjir mei jim, dan kinne jim it ek ris meitsje.

Resept foar 4 persoanen

Do hast 4 bakken (beskúten). Dochst 1 aai, 4 leppels molke, 2 leppels sûker, 1 teeleppel kaniel en 1 leppel custard yn in skaal en kloppest it goed los. Dan leist de 4 bakken deryn te wjekjen, op syn minst 10 menuten. Dernei bakst se foarsichtich yn in bytsje bûter yn de koekepanne oant te lekker brún en net mear smodzich binne. It gas net te fûl want dan brâne se samar oan, sa as myn earste 2 ;-). 


Ik ha se mei in bytsje sûker iten mar de Libelle jout ek noch de tip om der fanylje-saus, appelsmots of kaniel by te jaan. Jim moatte it mar ris besykje. 

10-02-2013

Rinsma voor Remco

Ungefear in jier lyn hat de direkteur fan Rinsma syn frou ferlern oan kanker en 13 jannewaris is Remco Brouwer, wurknimmer by Rinsma stoarn oan dizze freeslike sykte. En dat brocht se by Rinsma op dizze aksje: Rinsma voor Remco mei as doel: op tongersdei 23 maaie op de fyts de Alpe dHuez op en safolle mooglik jild ynsammelje foar de KWF Kankerbestriding.
It team dat fytse sil bestiet út: Johan Dijkstra, Bert de Haan, Sipke Visser en Chris Wassenaar. Wolle jim in bydrage dwaan dan kin dat fansels troch in jildbedrag oer te meitsjen op Rinsma BV Bankrekkennûmer 31.98.41.839 en eefkes neame dat it foar de aksje Rinsma voor Remco is. Mear oer dizze aksje lêze kin hjir.

Omdat fan myn baksels gauris in diel nei in goed doel giet like it my moai om hjir by oan te slúten. Fanôf hjoed giet der fan eltse taart dy 't ik ferkeapje in euro nei boppesteand doel. It bedrag dat ik sa by mekoar garje meitsje ik dan op 23 maaie oer nei Rinsma BV. 

En wat hasto no mei boppesteande te krijen en mei Remco, sille jim tinke? No dat sit sa, Remco is de jonge dy 't makke dat ik my thús fielde yn Wommels. Minsken dy 't him kinnen ha witte daliks hokker gefoel as hy jaan koe. Sa fan: do hearst der ek by, do wurdst sjoen. 
Ik hie mei in hiel protte oaren sa graach wollen dat Remco better waard mar it mocht net sa wêze. Om dochs wat te dwaan slút ik dêrom graach oan by Rinsma voor Remco.

Do kinst ek wat dwaan troch jild oer te meitsjen of troch in taart te bestellen by my. Ik ha my oanslúten by www.thuisafgehaald.nl (sykje op Wommels). Dêr kinst de taarten ek besjen dy 't ik bak. 

Moarn komt de earste euro binnen want ik hie al in bestelling foar in Schwarzwalderkirschtorte. Hy is hast klear, moarnier de boppekant noch opmeitsje en dan wurdt er foar de kofje ophelle. 



11-01-2013

Koekiemonster traktaasje

Bisto ek sa 'n mem dy 't dat traktearjen mar in hiel gedoch fynt en jousto dyn bern in sek milky-ways mei? Spitich! Net omdat dat net goed is of om 't milky-ways net lekker binne mar om 't it sa leuk wêze kin. Foaral as it bern wat âlder is en sels meitinke en helpe mei. Lit it bern útsykje wat de traktaasje wurdt mar praat wol ôf dat hy/sy meihelpt. Dan kin it in hiel moai mem/bern momint wurde.

Sa is it dit jier by ús gongen. Hy woe trakteare op cupcakekoekiemonsters en soe sels helpe. We hiene de koekiemonsters sjoen by de cupcakecup fan de Tros en it resept stiet hjir. Wy binne woansdeitemiddei útein setten mei it bakken fan de cupcakes. Wy hiene it resept daliks ferdûbele omdat der 26 bern yn syn klasse sitte mar dat is net oan te rieden. It miksen giet dan hiel dreech, better 2 kear it resept achter mekoar oan. En doe 't de cupcakes yn de ûne stiene is hy mei de eagen oan it rôljen gien. 



Dizze mem hat de bûterkrêm makke want dêr moat 10 menuten foar klutst wurde yn in papke mei kustard dat op it fjoer stiet. Yn sa 'n foarbyld filmke giet it allegear hiel maklik en fluch mar thús duorje de tsien menuten ek echt tsien menuten. Hy hat doe wol in kertier oan it skodzjen west mei in doaske mei kokos en blauwe kleurstof en dernei wie it safier. We ha tegearre it earste koekiemonster makke en dernei ek lekker elk de helte opiten.




De oare moarns wiene we betiid fan 't bêd ôf om de rest te meitsjen. En wat wie it wer gesellich yn de keuken,  tegearre hurd oan it wurk. Doch my faker sokke mem/soan mominten. It ienichste wat in mem leare moat is loslitte en dat is dizze kear hiel goed gongen. It skeelt ek dat de soan al 11 jier wurden is en al in protte sels kin sûnder help. Om acht oere stiene dizze 26 koekiemonsters op it oanrjocht klear.



Wy hiene de koekiemonsters in lyts sjerpwaffeltsje yn de mûle stoppe. Dochs fûnen we it noch wat te grut en hawwe der in stikje ôfsnyt. Dan wie it better yn ferhâlding. De reaksjes fan de bern wiene hiel ferksillend. Der binne altiten in pear dy 't neat lekker fine, dan noch in pear dy 't net fan kokos hâlde (dus hasto in alternatyf lit it dan eefkes witte). Oaren hawwe it hearlik opiten en wat it leukste wie foar de soan: elkenien fûn se prachtich.

02-01-2013

Alvestêdebrokken

It is alwer in skoft lyn dat ik in appeltaartbestelling hie fan immen dy 't in streekje foar hat. Oare minsken moatte de taart ophelje, by har ha ik 'm besoarge. Mar dat hat dan ek wat opsmiten, ik krige kofje en doe 't ik letter de bakfoarm werom krige siet der in resept yn fan Elfstedenbrokken. Sy hie it resept ek wer fan in oar en oan de namme te sjen is it in dûmnysmefrou. Ik ha gauris wat oer de âlvestêdebrokken op twitter setten. De iene kear bakte ik se mei ljochtbrúne bastertsûker, de oare kear mei donkerbrúne. De iene kear hie ik studintehaver kocht, de oare kear gewoan rezinen en losse nuten. En ik hie tasein it resept in kear mei jim te dielen. It like my no in moaie tiid om dat te dwaan. As jim noch krystfakânsje hawwe is der miskien wol tiid om dit resept in kear te meitsjen.

Wat hast nedich: 

250 gram selsriizjend bakmoal (of 150 gram wyt moal, 100 gram grouwetenmoal en 1 tl. bakpoeier)
150 gram hjouwermout
200 gram brúne bastertsûker
200 gram raande bûter
1 aai
4 of 5 appels
sekje studintehaver
kaniel
bakblik of bakplaat fan 28 cm trochsneed


Hoe makkest de brokken:

  • Ming it moal, de hjouwermout en de sûker troch mekoar.
  • Rier de raande bûter en it aai der ek troch
  • Doch dit kleverige daai yn de bakfoarm
  • Dan de rezinen der oer hinne ferdiele
  • Raspje de appels en ferdiel dit dêr wer oer
  • Brek dan de nuten yn stikjes en strui de stikjes oer de appel
  • Dan (nei smaak) de kaniel der oer struie
  • Bak de brokken yn 1 oere en in kertier yn in foarferwaarme ûne op 140 graden
  • Lit it ôfkuolje en snij it yn brokken.
Der mar lekker fan ite, soe ik sizze. Om't net elts in wurdboek by de hân hat hjir in oersetting fan twa wurden dy 't brûkt binne yn it resept.

grouwetenmoal = volkorenmeel
hjouwermout = havermout