02-06-2015

Croissanttrifle

Leuk om te meitsjen en lekker om op te iten. Wy hawwe it resept dit wykein besocht en it is troch de keuring. Kinst it as fegetarysk moarnsiten nimme mar ik ha der in neigesetsje fan makke.
Wat hast nedich om de trifle te meitsjen:
125 ml slachrjemme + 3 yl sûker + 1 sekje fanillesûker + 500 gr Griekse yochert + 3 croissants + 3 yl sjem (abrikoas) + 2 kiwi's + 50 gr wite sûkelarje + 1 tl kaniel

Klopje de slachrjemme mei de sûker stiif en skep yn in oare skaal de fanillesûker troch de Griekse yochert. Skuor de croissants yn lytse stikjes en doch dit yn in hege glêzen skaal. Kluts de marmelade mei 2-3 yl wetter oant it moai mongen is en jit dit oer de croissants. Skyl dan de kiwi en snij it yn skiifkes en lis dit op de croissants. Dan ôfwikseljend in laach slachrjemme en in laach yochert deryn smarre. Dêr oerhinne struist in tl kaniel. Hakje mei in mes de sûkelarje yn stikjes en strui dat wer oer de kaniel. En dan in nacht yn de kuolkast of yn elts gefal 2 oeren. 

Ik ha om it net te swiet te meitsjen dizze kear lemon curd brûkt yn plak fan abrikoazesjem. Dat wie lekker fris en hat ús goed smakke.