30-12-2012

Dat kin wol ris wer

It is alwer in skoftke lyn dat ik mei myn baksels op de krystmerk stie yn Easterein. Yn de kream fan de tsjerke fan Wommels mei allegear griene kryststikken en krânsen, ljochtsjes en myn farsk bakte guod. It earste wat der ferkocht waard wie in Johannes Rypma traktaasje. Dat wie wol in echte blikfanger. It earste heal oere waard der wol fan alles besjoen mar wiene it allegear sneupers mar dernei gong it hinne. Ik hie appeltaart stikken te keap en âlvestêdebrokken, whoopies en cupcakes. De âlvestêdebrokken wiene om 17.00 oere op en ek de appeltaart ferkocht goed en de Johanneskes wiene ek hast op. Myn freondin en ik waarden ôflost yn de kream en soene eefkes de merk oer en dan nei hûs. Ik tocht noch dat ik hurd oan it wurk moast om brokken en sa by te meitsjen mar doe begong it te reinen. En te reinen en te reinen en it hold net wer op. 


Wy hawwe noch hearlike sop krigen fan de organisaasje om op te waarmjen mar dernei hie ik wol troch dat ik net mear bijbakke moast. Alle besikers wienen nei hûs, der kuieren noch ien as twa ûnder in grutte paraplu by de kreamen lâns mar dat wie it dan ek wol. Doe 't ik thús siet te iten kaam in tillefoantsje dat de merk ôflast waard om it minne waar. Spitich foar elkenien dy 't der noch hinne woe, foar de organisaasje en de kreamhâlders. Dochs wie it hatstikke leuk om te dwaan, om yn it foar fan alles te bakken en te sjen wat goed ferkeapet en wat net. Whoopies binne hiel leuk om te sjen mar hiel ûnhandich om mei te jaan. Ik ha hiel wat leard fan dizze merk en ha no al sin oan takom jier en litte we hoopje dat it dan wol droech is. 



Geen opmerkingen:

Een reactie posten