19-11-2016

Appel neigesetsje

Wat sil ik ris mei al dy appels fan eigen beam? Ik sykje troch myn laadsjes yn de keukentafel en fyn in hânskreaun bryfke mei in resept fan in neigesetsje mei appel en hjouwermout. As ik it lês krij ik der al sin oan. Ik ha it de ôfrûne wike makke en it is heerlik. Dêrom diel ik it resept mar mei jimme. It is wer ris wat oars as smaakjekwark en optimelrommel. Kinst it sa ite of mei in boltsje iis en/of slachrjemme of fanyljefla.

Do skyltst 1 kilo appels, dochst it klokhús derút en snijst se yn blokjes. Dat dochst yn in panne mei 2 ytleppels appelsap en siedst oant it in bytsje sacht is. Do fettest in skaal yn en dochst dêr de appelblokjes yn. Yn de keukenmasjine dochst 75 gram echte bûter en 100 gram wytmoal oant it goed troch mekoar is. Dan 50 gram hjouwermout en 100 gram basterdsûker der troch. Dat struist oer de appelblokjes en ûndertusken hast de ûne al waarm op 200 graden. De skaal der in heal oere yn oant it goudbrún bakt is en dan mar lekker ite.




En ja, ik wit wol dat we appels yn it Frysk skriuwe as apels mar ik fyn it raar stean. Dus ha ik mysels frij jûn fan rigels en ha'k it mei twa p's skreaun.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten