27-11-2013

Krystmerk

De kûgel is troch de tsjerke, it giet oan, jim sjogge my wer op de krystmerk fan Easterein: Winterwille. Ferline jier stie ik dêr ek yn de kream fan de tsjerke fan Wommels om jild te fertsjinjen foar de renovaasje fan de Jacobitsjerke. Dit jier ha ik Unicef frege of ik by harren yn de kream mei en it kin. Hatstikke moai fansels, foar my, foar Unicef mar ek foar jim. Ik ha plak om te ferkeapjen, jim kinne myn baksels keapje en Unicef kriget der ek wat fan. Ien en al win - win, soe 'k sizze. 
Ik sil oan it betinken wat ik allegear bakke wol en wat jim lekker fine sille :-) Dizze trijedûbele brownies miskien wol.



Ik soe sizze: sjoch jim op de 13e desimber yn Easterein fan 15.30 - 20.30 oere. Gesellich!

18-10-2013

Appelroaskes

Hjoed frege ik op twitter wat ik ris meitsje soe mei appel en dat tips wolkom wiene. Ik krige in hiele leuke reaksje oer appelroaskes. Mei foto's mar sûnder resept. Wat soe in minske kreatyf wêze moatte sûnder google, no hoecht dat net want in resept wie samar fûn. En it wie ek wol handich want it blykt dat je de appelskyfkes earst efkes siede moatte. Sa makkest de roaskes.

Do nimst in stik of 6 blêddaai lapkes en dy litst ûnttaaie. Undertusken skylst twa hânappels en dochst se yn fjouweren en it klokhús derút. Dan snijst se yn skyfkes en dy siedst yn in lyts laagje wetter in menuut as 5-10. Dat hinget fansels fan de appel ôf, do moast der mar by bliuwe want oars kin it samar smots wurde. Dan is der fansels noch neat wei, dochst der in bytsje sûker troch en hast in skaaltsje appelsmots. 

Mar hawar, we geane der fanút dat it gewoan slagget en do hast dan sachte appelskyfkes. Dochst wat wytmoal op dyn wurkplak/oanrjocht en dan leist de plakjes blêddaai op mekoar. Mei de daairôle makkest der in grutte fjouwerkante lape fan. Dat besmare mei in kwastke mei molke en dan in mingsel fan sûker en kaniel deroer struie. 

De lape dernei yn stroken snije en op sa'n strook in pear appelskiven lizze en de boel foarsichtich oprôlje. Ik ha se yn in rûn, plat bakblik setten en der noch wat sûker/kanielguod oer struit. Doe yn de ûne op sa'n 220 graden en dan sa'n 25 menuten bakke.


No hie ik ek al boere-appelkeek bakt en dus hiene we al wat by de tee en kofje. Om 't ik al hiel lang net in neigesetsje makke hie, ha 'k dat der mar fan betocht. Ik ha in doaze lekker fanylje-iis helle en wat sûkelarjesaus. 'k Ha in moaie skep iis op it skaaltsje lein, in bytsje saus der oer, it appelroaske derneist en ôfmakke mei wat poeiersûker. En sis no sels, dit soe net misstean yn in restaurant. Lekker ite.




09-10-2013

Appelspritsen

Hjoed is in lekkere dei om te bakken. Frij fan it wurk, gjin bern om 'e tienen en Gerrit Breteler sjongt wat op de eftergrûn. No ja, syn cd dan fansels. Sa't ik al sei bin ik fan doel om alle resepten te bakken út it boek Appeltaarten fan Janneke Philippi en dizze kear binne de appelspritsen oan bar. No moat ik earlik sizze dat ik spritsen út de winkel eins nea keapje omdat ik se net lekker fyn. Mar as jo alle resepten besykje sille dan moat je dizze net oerslaan.



Earst ha 'k trije spuitsekken fergriemt omdat it beslach tsjok wie. Mar lokkich ha ik lêsten in hiele set nije spuitmûlen kocht en de grutste die it goed.


Neffens it boek moasten se wol 20 oant 25 menuten yn de ûne, mar lokkich bin ik der by bleaun want nei in kertier wiene se al lekker brún bakt. Ik ha se op in roaster lein te ôfkuoljen en we hawwe by de tee mar eefkes ien preaun. Dit is hiele oare koek as dy dingen út in pakje. Sûnder te swetsen kin ik sizze dat se hearlik binne. En hielendal net dreech om te meitsjen, op it spuitsjen nei. 







06-10-2013

Appelsmotskeek

Fan 'e wike ha ik betocht om alle resepten út it boek 'Appeltaart' fan Janneke Philippi dit hjerst/winterskoft te meitsjen. En guon fan dy resepten sil ik hjir mei jimme diele. By dit resept stiet dat it in lichte keek is foar minsken mei in laktose yntolerânsje mar ek poer geskikt foar de freondin dy 't op dieet is of foar it gefal myn eigen feestjurk te strak sit. No ha ik de feestjurk al in skoft net oan hân mar dat soe samar ris kinne. Yn dizze keek brûkst hielendal gjin bûter. It is in lytse keek en bakst 'm yn in foarm fan 20 sentimeter. Om't ik de foarm ek net ynfetsje woe ha ik der bakpapier yn lein. Eefkes 50 - 55 menuten yn de ûne, ôfkuolje en dan lekker opite.
De keek is sêft en elastysk en de smaak is ferhipte goed foar in keek sûnder bûter. Ik ha 'm makke mei smots út in potsje (lekker maklik) mar it resept is mei sels makke smots.


Ik jou jim hjir it resept dan kinne jim sels mar oan it bakken, it is er de tiid wer foar.

1 grutte hânappel
175 gram sûker 
3 aaien
150 gram selsrizend bakmoal

Skyl en snij de appel yn blokjes. Sied de blokjes mei ien leppel wetter en 25 gram sûker oant it smodzig is en set dan de staafmikser derop. Lit it goed ôfkuolje.
Ferwaarmje de ûne op 180 graden. Klopje de aaien mei 150 gram sûker oant it in ljochtgiele rjemmige krême is. De helte fan de bakmoal der troch spatelje en dan de helte fan de smots en dit fansels nochris oant it allegear troch mekoar mjukst is. De keek sa 'n 50 menuten yn de ûne bakke, in kertier ôfkuolje litte yn de foarm en dernei op in roaster.

Oanfolling: ast appelsmots út in potsje brûkst nimst 125 gram smots.

08-08-2013

De handige hurdfytser

De (kamping)fakânsje foar dizze simmer sit der wer op en it wie de wiken dat wy fuort wiene goed waarm. We hawwe dan ek in protte yn it skaad sitten en lêzen. Op in dei seach myn hurdfytser in man mei in stikken fytstsjil. De man stie by ús op de kamping en wie wakker wiis mei myn hulpfeardige Fryske hurdfytser (dy 't ek fytsemakker is). Hy helle in nije binnenbân en myn hurdfytser soarge derfoar dat alle fersnellingen der wer goed opkamen of soksewat. Ik ha der net sa 'n ferstân fan, dat sjogge jim hjir wol. De man wie sa bliid dat hy wer fytse koe dat hy by ús tinte delkaam mei trije bakken fruit. Heerlik, heerlik, heerlik! mar mei it hite waar moast it fansels wol gau op, dus ik oan it tinken wat we der allegear mei koene. Fansels skeat as earste my de Libelle simmertaart yn it sin, dêr kin hiel wat fruit op. Mar hoe moast de boaiem bakke ast net in ûne yn de tinte hast?


De hurdfytser (dy 't ek útfiner) is tocht mei en hie de oplossing: De safari chef brûke as ûne. Dit is ús nije kampingapparaat wêrst op wokke, bbq-e, grille en wat al net mear kinst. It blêddaai moast op de bakplaat sei er en de wokpanne der boppe op as deksel. En it wie in merakel mar sa'n oardel oere letter leine der 5 lytse boaiems klear om ôf te meitsjen mei mascarpone-smarsel en fruit. Dat de Plus yn Eijsden krekt gjin mascarpone te keap hie moast ek noch oplost wurde. Lokkich hiene se yn de kampingwinkel noch in beker biogarde/yoghurt en dat smakke ek bêst genôch. En it stie ek noch moai op ús 40 jier âlde oranje retro itenspannen. Hasto ek sa'n safari chef en wolst it ek ris besykje dan stiet it resept foar de taart hjir.



05-07-2013

Simmertaart út de Libelle

Ik hie hjoed de Libelle fan buorfrou te lêzen en daliks op ien fan de earste bledsiden stie in simmertaart. It seach der frij maklik út en ik moast nedich wer wat #ferdivedaasjeopfreed hawwe dat ik ha it resept oerskreaun en de taart makke. En dit is hoe 't er wurden is ...


Wy hawwe hjoed lekker bûten iten en hiene klikjedei dus koe der wol in lekker neigesetsje komme. Der is net ien stikje oerbleaun sa lekker wie de taart. We ha hjoed ek in útfanhúzer dy 't lang net altyd alles lekker fynt mar hjir hat er 2 stikken fan hân. Lekker mei slachrjemme.


Foar wa 't de Libelle net hat is hjir it resept:

Foar de boaiem:
6 plakjes boerebûterblêddaai 
1 yl wytmoal
1 aai
3/4 yl sûker

Folling:
250 gr mascarpone
2 sekjes fanillesûker
siedsjes fan 1 fanillestokje
500 gram read fruit

munt of basilikumblêdsjes en poeiersûker

Ferwaarmje de ûne op 175/180 graden. Stappelje it blêddaai, strui wat wytmoal op dyn wurkblêd en rôlje der in moaie lape fan. Bytsje bijsnije, bestrike mei klutst aai en mei in foarke der gatsjes yn prikke. Dan de sûker der oer struie en dan op in stik bakpapier op de bakplaat de ûne yn. In menuut as 25/30.

Ofkuolje litte en dan de folling meitsje. Klopje de mascarpone mei de sekjes fanillesûker en de siedsjes fan 1 fanillestokje troch mekoar. Stryk dat oer de ôfkuolle boaiem. Ferdiel dan de reade fruchten oer de taart en lekker ite. Ofmeitsje mei poeiersûker en blêdsjes

25-05-2013

Rjêmme mei rabarber-framboazesmots

It waard heech tiid foar in nij neigesetsje. Fansels mei rabarber want it is no de tiid en dan moat it ek wurde. We hawwe eefkes foarpreaun en it smakke tige by tige. Dêrom ek daliks mar it resept foar jim.



Foar 4/5 persoanen hast nedich:

500 gram rabarber
2 el reidsûker
200 gram framboazen 
200 ml slachrjemme
2 el framboaze limonade
4/5 kanielbiskwytsjes


Sied de rabarber mei de sûker sa 'n 15 menuten sûnder deksel op de panne. Rier dernei de framboazen der troch en lit it ôfkuolje. Klopje dan de slachrjemme mei de framboazelimonade net al te tsjok. Skep de smots yn glêzen en krommelje der in kanielbiskwytsje oer. Ik ha se yn in plestik pûdsje dien en doe stikken slein met de daairôle. Dan skepst der noch in grutte lepfol framboazerjemme oer. Lekker ite.