Posts tonen met het label slachrjemme. Alle posts tonen
Posts tonen met het label slachrjemme. Alle posts tonen

26-05-2015

Oarlochstaart

Dit resept krige ik lêsten fan immen dy't yn Wytmarsum by my oan de kofje mei taart siet. It wie frou Poelstra út Kûbaard. We hiene sa 'n praatsje oer resepten ensa. Se fertelde oer de taart dy 't se yn de oarloch makken doe 't der oars neat te krijen wie. Dizze taart wie doe noch wol te meitsjen foar boeren en arbeiders dy 't oan molke komme koenen.
Se hat foar my opneamt hoe 't sy de taart makke en sei dat har beppesizzers it no noch altyd lekker fine. Ik ha it yn myn tillefoan setten en hjoed ha ik de taart makke. Wy hawwe him iten as neigesetsje en it smakke goed. Asto dizze taart mei dyn jierdei krigest yn de oarlochsjierren dan wiest in geloksskiter. Ik set it resept hjir ûnder sa as ik it krigen ha. Mar ast op ynternet sikest op 'oorlogstaart' binne der ek wol oare fariaasjes te finen. Besykje it mar ris, soe ik sizze. Smaaklik. 

Wat hast nedich: 
bakblik 24 cm, beskúten, lange fingers, sjem, slachrjemme, hagelslach, molke, pakje (room)kookpudding

Lis de boaiem fan it bakblik fol mei beskúten. Meitsje dan de pudding sa as op it pakje stiet en jit dit oer de beskúten. Triuw dan de lange fingers yn de pudding en lit dit ôfkuolje.
As it goed ôfkuolle is dan dochst der in laach sjem oer, klopje dan de slachrjemme stiif en smar dat der ek oer. Meitsje de taart ôf troch der rûgeltsjes (hagelslach) oer te struien.

It alderlekkerst is de taart fansels mei eigenmakke pudding en selsmakke sjem. Mar foar minsken dy 't dat net ûnder de knibbel hawwe is boppesteande resept hiel goed te dwaan.


25-05-2013

Rjêmme mei rabarber-framboazesmots

It waard heech tiid foar in nij neigesetsje. Fansels mei rabarber want it is no de tiid en dan moat it ek wurde. We hawwe eefkes foarpreaun en it smakke tige by tige. Dêrom ek daliks mar it resept foar jim.



Foar 4/5 persoanen hast nedich:

500 gram rabarber
2 el reidsûker
200 gram framboazen 
200 ml slachrjemme
2 el framboaze limonade
4/5 kanielbiskwytsjes


Sied de rabarber mei de sûker sa 'n 15 menuten sûnder deksel op de panne. Rier dernei de framboazen der troch en lit it ôfkuolje. Klopje dan de slachrjemme mei de framboazelimonade net al te tsjok. Skep de smots yn glêzen en krommelje der in kanielbiskwytsje oer. Ik ha se yn in plestik pûdsje dien en doe stikken slein met de daairôle. Dan skepst der noch in grutte lepfol framboazerjemme oer. Lekker ite.