Posts tonen met het label simmer. Alle posts tonen
Posts tonen met het label simmer. Alle posts tonen

08-08-2013

De handige hurdfytser

De (kamping)fakânsje foar dizze simmer sit der wer op en it wie de wiken dat wy fuort wiene goed waarm. We hawwe dan ek in protte yn it skaad sitten en lêzen. Op in dei seach myn hurdfytser in man mei in stikken fytstsjil. De man stie by ús op de kamping en wie wakker wiis mei myn hulpfeardige Fryske hurdfytser (dy 't ek fytsemakker is). Hy helle in nije binnenbân en myn hurdfytser soarge derfoar dat alle fersnellingen der wer goed opkamen of soksewat. Ik ha der net sa 'n ferstân fan, dat sjogge jim hjir wol. De man wie sa bliid dat hy wer fytse koe dat hy by ús tinte delkaam mei trije bakken fruit. Heerlik, heerlik, heerlik! mar mei it hite waar moast it fansels wol gau op, dus ik oan it tinken wat we der allegear mei koene. Fansels skeat as earste my de Libelle simmertaart yn it sin, dêr kin hiel wat fruit op. Mar hoe moast de boaiem bakke ast net in ûne yn de tinte hast?


De hurdfytser (dy 't ek útfiner) is tocht mei en hie de oplossing: De safari chef brûke as ûne. Dit is ús nije kampingapparaat wêrst op wokke, bbq-e, grille en wat al net mear kinst. It blêddaai moast op de bakplaat sei er en de wokpanne der boppe op as deksel. En it wie in merakel mar sa'n oardel oere letter leine der 5 lytse boaiems klear om ôf te meitsjen mei mascarpone-smarsel en fruit. Dat de Plus yn Eijsden krekt gjin mascarpone te keap hie moast ek noch oplost wurde. Lokkich hiene se yn de kampingwinkel noch in beker biogarde/yoghurt en dat smakke ek bêst genôch. En it stie ek noch moai op ús 40 jier âlde oranje retro itenspannen. Hasto ek sa'n safari chef en wolst it ek ris besykje dan stiet it resept foar de taart hjir.



05-07-2013

Simmertaart út de Libelle

Ik hie hjoed de Libelle fan buorfrou te lêzen en daliks op ien fan de earste bledsiden stie in simmertaart. It seach der frij maklik út en ik moast nedich wer wat #ferdivedaasjeopfreed hawwe dat ik ha it resept oerskreaun en de taart makke. En dit is hoe 't er wurden is ...


Wy hawwe hjoed lekker bûten iten en hiene klikjedei dus koe der wol in lekker neigesetsje komme. Der is net ien stikje oerbleaun sa lekker wie de taart. We ha hjoed ek in útfanhúzer dy 't lang net altyd alles lekker fynt mar hjir hat er 2 stikken fan hân. Lekker mei slachrjemme.


Foar wa 't de Libelle net hat is hjir it resept:

Foar de boaiem:
6 plakjes boerebûterblêddaai 
1 yl wytmoal
1 aai
3/4 yl sûker

Folling:
250 gr mascarpone
2 sekjes fanillesûker
siedsjes fan 1 fanillestokje
500 gram read fruit

munt of basilikumblêdsjes en poeiersûker

Ferwaarmje de ûne op 175/180 graden. Stappelje it blêddaai, strui wat wytmoal op dyn wurkblêd en rôlje der in moaie lape fan. Bytsje bijsnije, bestrike mei klutst aai en mei in foarke der gatsjes yn prikke. Dan de sûker der oer struie en dan op in stik bakpapier op de bakplaat de ûne yn. In menuut as 25/30.

Ofkuolje litte en dan de folling meitsje. Klopje de mascarpone mei de sekjes fanillesûker en de siedsjes fan 1 fanillestokje troch mekoar. Stryk dat oer de ôfkuolle boaiem. Ferdiel dan de reade fruchten oer de taart en lekker ite. Ofmeitsje mei poeiersûker en blêdsjes

24-07-2012

Simmer iten

It is fantastysk waar om te barbecueën, mar om no twa jûnen achter mekoar?? Foar de minsken dy't hjoed wol wat oars makliks wolle ha ik noch wol in simmersk resept. 
Meitsje in panne mei rul bakt gehak, brúne beane en Tex Mex seasoning miks en lit it tsien menuten pruttelje. 
Doch yn ferskate skalen it folgjende: snijde iisberchsla, stikjes sipel, tomatestikjes, paprika blokjes en raspe tsiis. Meitsje tortilla's waarm yn de magnetron (of yn it koekepantsje ast op de kamping bist) en lit elts syn eigen tortilla folle mei wat er lekker fynt. Knyfloksaus is der ek hiel lekker by. Ast de tortilla in bytsje handich optearst dan kinst it sa út de hân ite en hast gjin smoarge itensboarden.


Dit resept is ek hiel handich ast in soad iters krigest en hoechst net lang yn de waarme keuken te stean. Wy meitsje it ôf mei in lekker meksikaansk bierke foar de grutten en sitroenlimenade foar de bern. 

11-07-2012

Fakânsjeresept

It liket noch op fleanen mei it waar mar it is hast safier; simmerfakânsje. Foar de minsken dy 't it oandoare om nei de kamping ha ik wol in fakânsjeresept.


Wy hiene jierren in allinichgeande (skoan)sus en dy kaam dan yn de fakânsje faaks in wiekein of in dei by ús op de kamping. In bytsje ôfhinklik fan wêr 't wy sieten fansels. En it idee ûntstie dat sy dan ek ien fan dy dagen it iten dwaan soe. Thús gong se wakker op syk nei in maklik en lekker resept en dat makke se dan op  it kampinggassteltsje. It wie net sa maklik om in goed resept te finen want wy hawwe der ien by dy 't lang net alles lekker fynt. Mar dit resept út 2008 is goed yn de smaak fallen en wy ite it no thús ek gauris as we hurd moatte. De sus hat ûndertusken in leuke fint troffen (dus reageare hoecht net, mannen :-) mar komt wol wer in wiekein by ús op de kamping. Ik tink dat se no alwer op syk is nei it resept foar dizze simmer. 






Foar jim hjir it resept, wy neame it Bonenschotel Hittina.


Nedich foar 6 persoanen:
250 gram riis
400 gram (krûde) gehak
Grutte pot 'bonenschotel mexicaans' fan Hak
Blikje kidney beans (255 g)
Lyts blikje ananasstikjes
Nacho sjips
Raspe tsiis


Sied de riis sa as op it pak stiet. Bak it gehak rul en doch der ekstra krûden troch. Ik brûk meast piper en paprikapoeier. Doch de pot 'bonenschotel mexicaans' en de kidney beane derby. Ek it blikje ananas MEI it sop giet der hielendal troch. As it goed waarm is = it klear. 
Servearje it mei de riis, de nacho sjips en in skaaltsje raspe tsiis. Mei lytse bern is it lekker om de appelsmots by te jaan. Lekker ite mei P.