Posts tonen met het label krystmerk. Alle posts tonen
Posts tonen met het label krystmerk. Alle posts tonen

27-11-2013

Krystmerk

De kûgel is troch de tsjerke, it giet oan, jim sjogge my wer op de krystmerk fan Easterein: Winterwille. Ferline jier stie ik dêr ek yn de kream fan de tsjerke fan Wommels om jild te fertsjinjen foar de renovaasje fan de Jacobitsjerke. Dit jier ha ik Unicef frege of ik by harren yn de kream mei en it kin. Hatstikke moai fansels, foar my, foar Unicef mar ek foar jim. Ik ha plak om te ferkeapjen, jim kinne myn baksels keapje en Unicef kriget der ek wat fan. Ien en al win - win, soe 'k sizze. 
Ik sil oan it betinken wat ik allegear bakke wol en wat jim lekker fine sille :-) Dizze trijedûbele brownies miskien wol.



Ik soe sizze: sjoch jim op de 13e desimber yn Easterein fan 15.30 - 20.30 oere. Gesellich!

30-12-2012

Dat kin wol ris wer

It is alwer in skoftke lyn dat ik mei myn baksels op de krystmerk stie yn Easterein. Yn de kream fan de tsjerke fan Wommels mei allegear griene kryststikken en krânsen, ljochtsjes en myn farsk bakte guod. It earste wat der ferkocht waard wie in Johannes Rypma traktaasje. Dat wie wol in echte blikfanger. It earste heal oere waard der wol fan alles besjoen mar wiene it allegear sneupers mar dernei gong it hinne. Ik hie appeltaart stikken te keap en âlvestêdebrokken, whoopies en cupcakes. De âlvestêdebrokken wiene om 17.00 oere op en ek de appeltaart ferkocht goed en de Johanneskes wiene ek hast op. Myn freondin en ik waarden ôflost yn de kream en soene eefkes de merk oer en dan nei hûs. Ik tocht noch dat ik hurd oan it wurk moast om brokken en sa by te meitsjen mar doe begong it te reinen. En te reinen en te reinen en it hold net wer op. 


Wy hawwe noch hearlike sop krigen fan de organisaasje om op te waarmjen mar dernei hie ik wol troch dat ik net mear bijbakke moast. Alle besikers wienen nei hûs, der kuieren noch ien as twa ûnder in grutte paraplu by de kreamen lâns mar dat wie it dan ek wol. Doe 't ik thús siet te iten kaam in tillefoantsje dat de merk ôflast waard om it minne waar. Spitich foar elkenien dy 't der noch hinne woe, foar de organisaasje en de kreamhâlders. Dochs wie it hatstikke leuk om te dwaan, om yn it foar fan alles te bakken en te sjen wat goed ferkeapet en wat net. Whoopies binne hiel leuk om te sjen mar hiel ûnhandich om mei te jaan. Ik ha hiel wat leard fan dizze merk en ha no al sin oan takom jier en litte we hoopje dat it dan wol droech is. 



03-12-2012

Whoopies

In skoft lyn ha in boek mei allegear whoopies op de jierdei krigen. De namme whoopie komt omdat de taartjes sa ferskuorrend lekker binne dat minsken whoopie rôpen as se ien op iten. No ja, dy dingen komme út Amearika en dêr oerdriuwe se wolris wat. Yn it Nederlânsk hjitte se joepietaartjes. Ik wie der noch net oan ta kommen om se te meitsjen mar ferline wike wie it dan safier. Earst ha ik gewoane whoopies makke. En dit wiekein ha ik donkerbrúne makke mei kleurde bûterkrêm. Ik ben sels net sa fan de kleurstoffen mar de bern fine it sa moai. Dat fuort mar in kear en se sjogge der goed út. 




It soe samar wêze kinne dat ik dy ek meitsje foar de krystmerk yn Easterein. Ik bin noch oan it betinken wat ik dêr it bêste ferkeapje kin want ik wol perfoarst dat it farsk is. En ik ha besocht krystwhoopies te meitsjen mar dat guod wat ik no brûkt ha wol net moai tekenje. Dêr sil ik noch wat oars foar betinke. Ik hâld jimme fansels op de hichte. 



23-11-2012

Krystmerk Winterwille

Yn Easterein is in krystmerk op 14 desimber en dit jier sil de aksjekommisje Jacobitsjerke der ek in kream hawwe. Der wurde kalinders, krystkrânsen, ljochtsjes en sa ferkocht om jild yn te sammeljen foar de renovaasje fan de Jacobitsjerke yn Wommels. En ik sil foar harren oan it bakken dus is Bak en Brij ek oanwêzich al is it net mei in eigen kream. It is de bedoeling dat jim fan myn taarten in stikje keapje kinne en dus daliks priuwe. Dogge jim dan noch in bestelling foar in taart dan giet ek fan dat bedrag de helte nei it goede doel. Ik fertsjinje der net oan mar hoopje sa wat mear bekendheid te krijen. En ik doch it fansels foar ús tsjerke. 



Dus minsken, allegear nei de krystmerk yn Easterein en net earst teedrinke thús. Helje by ús kream in lekker stik taart of in cupcake mei poeiermolke en stypje it goede doel.