It is fantastysk waar om te barbecueën, mar om no twa jûnen achter mekoar?? Foar de minsken dy't hjoed wol wat oars makliks wolle ha ik noch wol in simmersk resept.
Meitsje in panne mei rul bakt gehak, brúne beane en Tex Mex seasoning miks en lit it tsien menuten pruttelje.
Doch yn ferskate skalen it folgjende: snijde iisberchsla, stikjes sipel, tomatestikjes, paprika blokjes en raspe tsiis. Meitsje tortilla's waarm yn de magnetron (of yn it koekepantsje ast op de kamping bist) en lit elts syn eigen tortilla folle mei wat er lekker fynt. Knyfloksaus is der ek hiel lekker by. Ast de tortilla in bytsje handich optearst dan kinst it sa út de hân ite en hast gjin smoarge itensboarden.
Dit resept is ek hiel handich ast in soad iters krigest en hoechst net lang yn de waarme keuken te stean. Wy meitsje it ôf mei in lekker meksikaansk bierke foar de grutten en sitroenlimenade foar de bern.
Posts tonen met het label kamping. Alle posts tonen

24-07-2012
11-07-2012
Fakânsjeresept
It liket noch op fleanen mei it waar mar it is hast safier; simmerfakânsje. Foar de minsken dy 't it oandoare om nei de kamping ha ik wol in fakânsjeresept.
Wy hiene jierren in allinichgeande (skoan)sus en dy kaam dan yn de fakânsje faaks in wiekein of in dei by ús op de kamping. In bytsje ôfhinklik fan wêr 't wy sieten fansels. En it idee ûntstie dat sy dan ek ien fan dy dagen it iten dwaan soe. Thús gong se wakker op syk nei in maklik en lekker resept en dat makke se dan op it kampinggassteltsje. It wie net sa maklik om in goed resept te finen want wy hawwe der ien by dy 't lang net alles lekker fynt. Mar dit resept út 2008 is goed yn de smaak fallen en wy ite it no thús ek gauris as we hurd moatte. De sus hat ûndertusken in leuke fint troffen (dus reageare hoecht net, mannen :-) mar komt wol wer in wiekein by ús op de kamping. Ik tink dat se no alwer op syk is nei it resept foar dizze simmer.
Foar jim hjir it resept, wy neame it Bonenschotel Hittina.
Nedich foar 6 persoanen:
250 gram riis
400 gram (krûde) gehak
Grutte pot 'bonenschotel mexicaans' fan Hak
Blikje kidney beans (255 g)
Lyts blikje ananasstikjes
Nacho sjips
Raspe tsiis
Sied de riis sa as op it pak stiet. Bak it gehak rul en doch der ekstra krûden troch. Ik brûk meast piper en paprikapoeier. Doch de pot 'bonenschotel mexicaans' en de kidney beane derby. Ek it blikje ananas MEI it sop giet der hielendal troch. As it goed waarm is = it klear.
Servearje it mei de riis, de nacho sjips en in skaaltsje raspe tsiis. Mei lytse bern is it lekker om de appelsmots by te jaan. Lekker ite mei P.

Abonneren op:
Posts (Atom)