16-11-2014

Bakke, bakke en nochris bakke

De kommende moanne sil ik hiel wat bakke. Groencentrum Witmarsum hat my ûnderdak jûn mar sûnder dy kin ik fansels net. Kom del op tiisdeitemiddei (14.00 - 17.00) foar 'Koffie met Pieteke' en nim in lekker stikje boereapelkeek of alvestêdebrok. Of kies de taart fan de wike, folgje it Groencentrum op facebook of twitter om dit te witten te kommen.
Of noegje jim mem of in freondin út foar in heerlike high tea. Alles farsk bakt troch my. Wolst dy opjaan? Dat kin fia dizze webside.
Ik hoopje dy te sjen de kommende tiid, is it net by de byb dan miskien wol yn Wytmarsum. Kinst daliks de moaie krystshow sjen en fêst yn de sfear komme.


27-10-2014

Froulju ferwenjûn

It giet hinne! Bak en brij giet de boer op. No ja, it Groencentrum yn kin ik better sizze. Op 18 en 19 novimber stean ik yn Wytmarsum op de Froulju ferwenjûnen fan Groencentrum Witmarsum. Dat is wer ris wat oars dan bakke op bestelling fia Thuisafgehaald. Ik bak wat lekkers foar jim om te priuwen en/of te keapjen. Do hoechst hielendal neat te dwaan, allinich mar genietsje fan alles wat der te sjen en te dwaan is. Moatst dy wol eefkes opjaan ast komme wolst en dat kin hjir.


28-04-2014

Understeboppe rabarbertaart

Der binne wat minsken dy 't rabarber op de tún hawwe en net goed witte wat se der allegear mei kinne/sille. Ik ha hjir al ris in neigesetsje mei rabarber op dit blog setten. En no dan in resept foar in ûndersteboppe rabarbertaart. Dan kinne jim allegear mar los yn de keuken. En binne der minsken yn de buert fan Wommels dy 't tefolle fan dat guod hawwe, dan witte jim no wa 't it wol hawwe wol :-)

Dit resept ha ik foarich jier út it tiidskrift Landleven helle. 

Foar de krommellaach
60 gram kâlde bûter
60 gram wytmoal
40 gram sûker
snufke sâlt

Foar de rabarberlaach
250 gram rabarber
50 gram sûker 

Foar de cake
150 gram wytmoal
1,5 tl bakpoeier
snufke sâlt
100 gram bûter op keamertemperatuer
100 gram sûker
heale tl sinesappelrasp
1 yl farsk parst sinesappelsop
2 aaien
125 gram soere rjemme


Waarmje de ûne op 175 graden foar. Meitsje de krommellaach troch it mei de fingers goed troch mekoar te mingen oant it krommels binne. Set it dan eefkes yn de kelder of kuolkast.
Fetsje de taartboaiem yn mei bûter. Ming de wosken en yn grutte stikken snijde rabarber mei de sûker en ferdiel dit op de boaiem fan de taartfoarm.
Seef boppe in kom de wytmoal, de bakpoeier en it sâlt. Doch yn in oare kom de bûter en de sûker en miks it oant it sacht is. Doch dan de rasp en it sinesappelsop derby en goed troch mekoar. Dan ien foar ien de aaien oant se goed opnommen binne. Dernei yn trije kear it wytmoalmingsel derby en dan de soere rjemme. Jit dit cakebeslach oer de rabarber en stryk it glêd. Helje dan de krommels wer foar it ljocht en griem dat der wat oerhinne. Bak de taart dan sa 'n sechstich minuten yn de ûne. Lit 'm in heal oere ôfkuolje en draai him dan om op in grutte skaal en lit fierder ôfkuolje. Ik soe sizze, genietsje derfan by in kopke tee yn de tún en yn it sintsje dan is it hielendal in feest.

Ik doch in stik bakpapier ûnder yn de bakfoarm want rabarber docht nochal in oanslach op de foarm. Ik brûk ek hieltyd deselde foarm foar rabarbertaart en as de rabarber op is dan goai ik de foarm yn it jiskefet.

27-11-2013

Krystmerk

De kûgel is troch de tsjerke, it giet oan, jim sjogge my wer op de krystmerk fan Easterein: Winterwille. Ferline jier stie ik dêr ek yn de kream fan de tsjerke fan Wommels om jild te fertsjinjen foar de renovaasje fan de Jacobitsjerke. Dit jier ha ik Unicef frege of ik by harren yn de kream mei en it kin. Hatstikke moai fansels, foar my, foar Unicef mar ek foar jim. Ik ha plak om te ferkeapjen, jim kinne myn baksels keapje en Unicef kriget der ek wat fan. Ien en al win - win, soe 'k sizze. 
Ik sil oan it betinken wat ik allegear bakke wol en wat jim lekker fine sille :-) Dizze trijedûbele brownies miskien wol.



Ik soe sizze: sjoch jim op de 13e desimber yn Easterein fan 15.30 - 20.30 oere. Gesellich!

18-10-2013

Appelroaskes

Hjoed frege ik op twitter wat ik ris meitsje soe mei appel en dat tips wolkom wiene. Ik krige in hiele leuke reaksje oer appelroaskes. Mei foto's mar sûnder resept. Wat soe in minske kreatyf wêze moatte sûnder google, no hoecht dat net want in resept wie samar fûn. En it wie ek wol handich want it blykt dat je de appelskyfkes earst efkes siede moatte. Sa makkest de roaskes.

Do nimst in stik of 6 blêddaai lapkes en dy litst ûnttaaie. Undertusken skylst twa hânappels en dochst se yn fjouweren en it klokhús derút. Dan snijst se yn skyfkes en dy siedst yn in lyts laagje wetter in menuut as 5-10. Dat hinget fansels fan de appel ôf, do moast der mar by bliuwe want oars kin it samar smots wurde. Dan is der fansels noch neat wei, dochst der in bytsje sûker troch en hast in skaaltsje appelsmots. 

Mar hawar, we geane der fanút dat it gewoan slagget en do hast dan sachte appelskyfkes. Dochst wat wytmoal op dyn wurkplak/oanrjocht en dan leist de plakjes blêddaai op mekoar. Mei de daairôle makkest der in grutte fjouwerkante lape fan. Dat besmare mei in kwastke mei molke en dan in mingsel fan sûker en kaniel deroer struie. 

De lape dernei yn stroken snije en op sa'n strook in pear appelskiven lizze en de boel foarsichtich oprôlje. Ik ha se yn in rûn, plat bakblik setten en der noch wat sûker/kanielguod oer struit. Doe yn de ûne op sa'n 220 graden en dan sa'n 25 menuten bakke.


No hie ik ek al boere-appelkeek bakt en dus hiene we al wat by de tee en kofje. Om 't ik al hiel lang net in neigesetsje makke hie, ha 'k dat der mar fan betocht. Ik ha in doaze lekker fanylje-iis helle en wat sûkelarjesaus. 'k Ha in moaie skep iis op it skaaltsje lein, in bytsje saus der oer, it appelroaske derneist en ôfmakke mei wat poeiersûker. En sis no sels, dit soe net misstean yn in restaurant. Lekker ite.




09-10-2013

Appelspritsen

Hjoed is in lekkere dei om te bakken. Frij fan it wurk, gjin bern om 'e tienen en Gerrit Breteler sjongt wat op de eftergrûn. No ja, syn cd dan fansels. Sa't ik al sei bin ik fan doel om alle resepten te bakken út it boek Appeltaarten fan Janneke Philippi en dizze kear binne de appelspritsen oan bar. No moat ik earlik sizze dat ik spritsen út de winkel eins nea keapje omdat ik se net lekker fyn. Mar as jo alle resepten besykje sille dan moat je dizze net oerslaan.



Earst ha 'k trije spuitsekken fergriemt omdat it beslach tsjok wie. Mar lokkich ha ik lêsten in hiele set nije spuitmûlen kocht en de grutste die it goed.


Neffens it boek moasten se wol 20 oant 25 menuten yn de ûne, mar lokkich bin ik der by bleaun want nei in kertier wiene se al lekker brún bakt. Ik ha se op in roaster lein te ôfkuoljen en we hawwe by de tee mar eefkes ien preaun. Dit is hiele oare koek as dy dingen út in pakje. Sûnder te swetsen kin ik sizze dat se hearlik binne. En hielendal net dreech om te meitsjen, op it spuitsjen nei. 







06-10-2013

Appelsmotskeek

Fan 'e wike ha ik betocht om alle resepten út it boek 'Appeltaart' fan Janneke Philippi dit hjerst/winterskoft te meitsjen. En guon fan dy resepten sil ik hjir mei jimme diele. By dit resept stiet dat it in lichte keek is foar minsken mei in laktose yntolerânsje mar ek poer geskikt foar de freondin dy 't op dieet is of foar it gefal myn eigen feestjurk te strak sit. No ha ik de feestjurk al in skoft net oan hân mar dat soe samar ris kinne. Yn dizze keek brûkst hielendal gjin bûter. It is in lytse keek en bakst 'm yn in foarm fan 20 sentimeter. Om't ik de foarm ek net ynfetsje woe ha ik der bakpapier yn lein. Eefkes 50 - 55 menuten yn de ûne, ôfkuolje en dan lekker opite.
De keek is sêft en elastysk en de smaak is ferhipte goed foar in keek sûnder bûter. Ik ha 'm makke mei smots út in potsje (lekker maklik) mar it resept is mei sels makke smots.


Ik jou jim hjir it resept dan kinne jim sels mar oan it bakken, it is er de tiid wer foar.

1 grutte hânappel
175 gram sûker 
3 aaien
150 gram selsrizend bakmoal

Skyl en snij de appel yn blokjes. Sied de blokjes mei ien leppel wetter en 25 gram sûker oant it smodzig is en set dan de staafmikser derop. Lit it goed ôfkuolje.
Ferwaarmje de ûne op 180 graden. Klopje de aaien mei 150 gram sûker oant it in ljochtgiele rjemmige krême is. De helte fan de bakmoal der troch spatelje en dan de helte fan de smots en dit fansels nochris oant it allegear troch mekoar mjukst is. De keek sa 'n 50 menuten yn de ûne bakke, in kertier ôfkuolje litte yn de foarm en dernei op in roaster.

Oanfolling: ast appelsmots út in potsje brûkst nimst 125 gram smots.