29-03-2013

Peaske-cupcakes

Bin fan 'e middei lekker oan it bakken west. Cupcakes foar de Peaskedagen, mar omdat je dy dingen net te lang bewarje moatte binne wy der daliks mar oan begongen. Dus mochtest guon bestelle wolle dan bak in farske nije foar dy. Earst ha ik de cupcakes bakt mei wat sitroenrasp troch it beslach.


Dernei ha ik der mei in spuitsek lemoncurd yn spuite foar de folling. Doe in frisse sitroenbûterkrêm makke mei sitroenrasp en sitroensap en in kleurke. Dat derop spuite as in soarte fan fûgelnestke en doe der aaikes op lein. En sa binne se wurden. Ik hâld sels net sa fan de kleurkes mar bern fine it altiten wol moai. 


Kinst se bestelle fia thuisafgehaald.nl Krekt as in protte oare taarten en koeken. Tsjinje in fersyk yn en ik sjoch of ik der tiid foar ha om it te meitsjen. Ik doch neat yn de friezer, do krigest it farsk of oars nim ik de bestelling net oan. 

10-03-2013

Happy fan bakken

Fan 'e wike wol trije kear troch de AH draaft om de nijste Allerhande te scoren. Earst hienen se it tiidskrift net y.f.m. distribúsjeproblemen mar sneon lei er yn it skap. Wêrom wie ik der no sa gleon op om dit nûmer te hawwen, dat sil ik jim fertelle. Dit maart nûmer hjit: Happy van bakken. No as der ien happy fan bakken wurdt bin ik it. 


Dizze bananebôle ha ik hjoed bakt en hy is lekker/lekker. Net gewoan lekker mar krekt in bytsje mear. De earste stikjes hawwe we by de tee hân en doe wie de bôle noch in bytsje waarm. It is in bôle mar it smakket in bytsje as cake. In echte oanrider en hy stiet der twa kear yn, ien kear gewoan (sa as op de foto) en ien kear mei sinesappel derop. Wolsto de bananebôle ek ris meitsje dan gau nei de Albert Heijn foar de Allerhande. 

27-02-2013

Hjouwermoutpankoeken

Ferline wike kamen se foarby op twitter, dizze hjouwermoutpankoeken. En by in tige sûn akkount fan @Goedelijn dat ik tocht dy wol ik ek ite. Ik ha it resept frege en krigen en hjoed wie it dan safier. Om kertier foar tolven kaam ik der achter dat ik noch gjin bôle helle hie en ek gjin nocht om dat hurd noch te dwaan. Mar ik hie wol hjouwermout yn it kastke en de rest fan de ingrediïnten. Om tolve oere sette ik de nije pankoekspanne fan de hurdfytser op it fjoer en ha 'k seis grutte pankoeken bakt. Se wiene op foardat ik der erch yn hie en dus gjin foto.

It iene bern hie dochs leaver 'gewoane' pankoeken, it oare bern fûn se och sa lekker. Se smakken my bêst en ik meitsje se grif wer ris. It moaie is dat se troch de hjouwermout soargje dat dyn bloedsûkerspegel yn balâns bliuwt. En ik ha de hiele middei noch net ferlet hân fan oar iten.

Wolst se ek in kear meitsje dan is hjir it resept foar tolve lytse of seis grutte pankoeken.

125 gram hjouwermout 10 menuten yn 450 ml (soja)molke weakje. Dan 1 aai, 60 gram wytmoal, 1 teeleppel bakpoeier, 25 gram sûker, 2 ytleppels (oliif)oalje en in heale teeleppel sâlt der troch riede. Bak se yn in menút as 3/4 brún en hâld se lekker tin dan binne se it lekkerst. Ite mei sjem, brúne sûker, farsk fruit of huning.

17-02-2013

In soart fan wentelteefjes mar dan oars

In pear wike lyn op in moaie winterse snein wie ik mei in freondin te kuierjen en samar midden op ús rûte bedarren wy yn Noflik Easterein. Lekker waarme poeiermolke drinke mei wat lekkers derby.
Ynienen sjocht myn freondin in pear âlde Libelles lizzen. We pakke se derby, nimme noch in poeiermolke en ha in protte wille mei dizze blêden. Mar wy komme der ek efter dat froulju fan dy tiid deselde dingen wichtich fûnen as wy no. Sjippe foar in sêfte hûd, it bêste himmelguod, tips foar de húsfrou en noch folle mear nijsgjirrige dingen. Der stiene allinich wat mear patroanen yn fan festen, jurkjes en sels in breiden swimpak. Oars moast der sels mar ris hinne. De Libelles lizze der grif noch wol.

Yn ien fan de Libelles (neffens my út 1959) stie in resept foar Beschuitkoekjes, ik neam se Bakkoeken. Ik krige in bryfke fan de leuke frou yn de bestjinning en in pen en koe sa it resept mei nei hûs nimme. Ik ha it op it prikboerd hongen en eins wie ik it in bytsje fergetten oant hjoed. Sakrekt ha ik it resept makke en it wie lekker. In soart fan wentelteefjes mar dan oars. Ik diel it resept hjir mei jim, dan kinne jim it ek ris meitsje.

Resept foar 4 persoanen

Do hast 4 bakken (beskúten). Dochst 1 aai, 4 leppels molke, 2 leppels sûker, 1 teeleppel kaniel en 1 leppel custard yn in skaal en kloppest it goed los. Dan leist de 4 bakken deryn te wjekjen, op syn minst 10 menuten. Dernei bakst se foarsichtich yn in bytsje bûter yn de koekepanne oant te lekker brún en net mear smodzich binne. It gas net te fûl want dan brâne se samar oan, sa as myn earste 2 ;-). 


Ik ha se mei in bytsje sûker iten mar de Libelle jout ek noch de tip om der fanylje-saus, appelsmots of kaniel by te jaan. Jim moatte it mar ris besykje. 

10-02-2013

Rinsma voor Remco

Ungefear in jier lyn hat de direkteur fan Rinsma syn frou ferlern oan kanker en 13 jannewaris is Remco Brouwer, wurknimmer by Rinsma stoarn oan dizze freeslike sykte. En dat brocht se by Rinsma op dizze aksje: Rinsma voor Remco mei as doel: op tongersdei 23 maaie op de fyts de Alpe dHuez op en safolle mooglik jild ynsammelje foar de KWF Kankerbestriding.
It team dat fytse sil bestiet út: Johan Dijkstra, Bert de Haan, Sipke Visser en Chris Wassenaar. Wolle jim in bydrage dwaan dan kin dat fansels troch in jildbedrag oer te meitsjen op Rinsma BV Bankrekkennûmer 31.98.41.839 en eefkes neame dat it foar de aksje Rinsma voor Remco is. Mear oer dizze aksje lêze kin hjir.

Omdat fan myn baksels gauris in diel nei in goed doel giet like it my moai om hjir by oan te slúten. Fanôf hjoed giet der fan eltse taart dy 't ik ferkeapje in euro nei boppesteand doel. It bedrag dat ik sa by mekoar garje meitsje ik dan op 23 maaie oer nei Rinsma BV. 

En wat hasto no mei boppesteande te krijen en mei Remco, sille jim tinke? No dat sit sa, Remco is de jonge dy 't makke dat ik my thús fielde yn Wommels. Minsken dy 't him kinnen ha witte daliks hokker gefoel as hy jaan koe. Sa fan: do hearst der ek by, do wurdst sjoen. 
Ik hie mei in hiel protte oaren sa graach wollen dat Remco better waard mar it mocht net sa wêze. Om dochs wat te dwaan slút ik dêrom graach oan by Rinsma voor Remco.

Do kinst ek wat dwaan troch jild oer te meitsjen of troch in taart te bestellen by my. Ik ha my oanslúten by www.thuisafgehaald.nl (sykje op Wommels). Dêr kinst de taarten ek besjen dy 't ik bak. 

Moarn komt de earste euro binnen want ik hie al in bestelling foar in Schwarzwalderkirschtorte. Hy is hast klear, moarnier de boppekant noch opmeitsje en dan wurdt er foar de kofje ophelle. 



11-01-2013

Koekiemonster traktaasje

Bisto ek sa 'n mem dy 't dat traktearjen mar in hiel gedoch fynt en jousto dyn bern in sek milky-ways mei? Spitich! Net omdat dat net goed is of om 't milky-ways net lekker binne mar om 't it sa leuk wêze kin. Foaral as it bern wat âlder is en sels meitinke en helpe mei. Lit it bern útsykje wat de traktaasje wurdt mar praat wol ôf dat hy/sy meihelpt. Dan kin it in hiel moai mem/bern momint wurde.

Sa is it dit jier by ús gongen. Hy woe trakteare op cupcakekoekiemonsters en soe sels helpe. We hiene de koekiemonsters sjoen by de cupcakecup fan de Tros en it resept stiet hjir. Wy binne woansdeitemiddei útein setten mei it bakken fan de cupcakes. Wy hiene it resept daliks ferdûbele omdat der 26 bern yn syn klasse sitte mar dat is net oan te rieden. It miksen giet dan hiel dreech, better 2 kear it resept achter mekoar oan. En doe 't de cupcakes yn de ûne stiene is hy mei de eagen oan it rôljen gien. 



Dizze mem hat de bûterkrêm makke want dêr moat 10 menuten foar klutst wurde yn in papke mei kustard dat op it fjoer stiet. Yn sa 'n foarbyld filmke giet it allegear hiel maklik en fluch mar thús duorje de tsien menuten ek echt tsien menuten. Hy hat doe wol in kertier oan it skodzjen west mei in doaske mei kokos en blauwe kleurstof en dernei wie it safier. We ha tegearre it earste koekiemonster makke en dernei ek lekker elk de helte opiten.




De oare moarns wiene we betiid fan 't bêd ôf om de rest te meitsjen. En wat wie it wer gesellich yn de keuken,  tegearre hurd oan it wurk. Doch my faker sokke mem/soan mominten. It ienichste wat in mem leare moat is loslitte en dat is dizze kear hiel goed gongen. It skeelt ek dat de soan al 11 jier wurden is en al in protte sels kin sûnder help. Om acht oere stiene dizze 26 koekiemonsters op it oanrjocht klear.



Wy hiene de koekiemonsters in lyts sjerpwaffeltsje yn de mûle stoppe. Dochs fûnen we it noch wat te grut en hawwe der in stikje ôfsnyt. Dan wie it better yn ferhâlding. De reaksjes fan de bern wiene hiel ferksillend. Der binne altiten in pear dy 't neat lekker fine, dan noch in pear dy 't net fan kokos hâlde (dus hasto in alternatyf lit it dan eefkes witte). Oaren hawwe it hearlik opiten en wat it leukste wie foar de soan: elkenien fûn se prachtich.

02-01-2013

Alvestêdebrokken

It is alwer in skoft lyn dat ik in appeltaartbestelling hie fan immen dy 't in streekje foar hat. Oare minsken moatte de taart ophelje, by har ha ik 'm besoarge. Mar dat hat dan ek wat opsmiten, ik krige kofje en doe 't ik letter de bakfoarm werom krige siet der in resept yn fan Elfstedenbrokken. Sy hie it resept ek wer fan in oar en oan de namme te sjen is it in dûmnysmefrou. Ik ha gauris wat oer de âlvestêdebrokken op twitter setten. De iene kear bakte ik se mei ljochtbrúne bastertsûker, de oare kear mei donkerbrúne. De iene kear hie ik studintehaver kocht, de oare kear gewoan rezinen en losse nuten. En ik hie tasein it resept in kear mei jim te dielen. It like my no in moaie tiid om dat te dwaan. As jim noch krystfakânsje hawwe is der miskien wol tiid om dit resept in kear te meitsjen.

Wat hast nedich: 

250 gram selsriizjend bakmoal (of 150 gram wyt moal, 100 gram grouwetenmoal en 1 tl. bakpoeier)
150 gram hjouwermout
200 gram brúne bastertsûker
200 gram raande bûter
1 aai
4 of 5 appels
sekje studintehaver
kaniel
bakblik of bakplaat fan 28 cm trochsneed


Hoe makkest de brokken:

  • Ming it moal, de hjouwermout en de sûker troch mekoar.
  • Rier de raande bûter en it aai der ek troch
  • Doch dit kleverige daai yn de bakfoarm
  • Dan de rezinen der oer hinne ferdiele
  • Raspje de appels en ferdiel dit dêr wer oer
  • Brek dan de nuten yn stikjes en strui de stikjes oer de appel
  • Dan (nei smaak) de kaniel der oer struie
  • Bak de brokken yn 1 oere en in kertier yn in foarferwaarme ûne op 140 graden
  • Lit it ôfkuolje en snij it yn brokken.
Der mar lekker fan ite, soe ik sizze. Om't net elts in wurdboek by de hân hat hjir in oersetting fan twa wurden dy 't brûkt binne yn it resept.

grouwetenmoal = volkorenmeel
hjouwermout = havermout