Wat hast nedich:
250 gram selsriizjend bakmoal (of 150 gram wyt moal, 100 gram grouwetenmoal en 1 tl. bakpoeier)
150 gram hjouwermout
200 gram brúne bastertsûker
200 gram raande bûter
1 aai
4 of 5 appels
sekje studintehaver
kaniel
bakblik of bakplaat fan 28 cm trochsneed
Hoe makkest de brokken:
- Ming it moal, de hjouwermout en de sûker troch mekoar.
- Rier de raande bûter en it aai der ek troch
- Doch dit kleverige daai yn de bakfoarm
- Dan de rezinen der oer hinne ferdiele
- Raspje de appels en ferdiel dit dêr wer oer
- Brek dan de nuten yn stikjes en strui de stikjes oer de appel
- Dan (nei smaak) de kaniel der oer struie
- Bak de brokken yn 1 oere en in kertier yn in foarferwaarme ûne op 140 graden
- Lit it ôfkuolje en snij it yn brokken.
Der mar lekker fan ite, soe ik sizze. Om't net elts in wurdboek by de hân hat hjir in oersetting fan twa wurden dy 't brûkt binne yn it resept.
grouwetenmoal = volkorenmeel
hjouwermout = havermout
Geen opmerkingen:
Een reactie posten