Bin fan 'e middei lekker oan it bakken west. Cupcakes foar de Peaskedagen, mar omdat je dy dingen net te lang bewarje moatte binne wy der daliks mar oan begongen. Dus mochtest guon bestelle wolle dan bak in farske nije foar dy. Earst ha ik de cupcakes bakt mei wat sitroenrasp troch it beslach.
Dernei ha ik der mei in spuitsek lemoncurd yn spuite foar de folling. Doe in frisse sitroenbûterkrêm makke mei sitroenrasp en sitroensap en in kleurke. Dat derop spuite as in soarte fan fûgelnestke en doe der aaikes op lein. En sa binne se wurden. Ik hâld sels net sa fan de kleurkes mar bern fine it altiten wol moai.
Kinst se bestelle fia thuisafgehaald.nl Krekt as in protte oare taarten en koeken. Tsjinje in fersyk yn en ik sjoch of ik der tiid foar ha om it te meitsjen. Ik doch neat yn de friezer, do krigest it farsk of oars nim ik de bestelling net oan.
29-03-2013
10-03-2013
Happy fan bakken
Fan 'e wike wol trije kear troch de AH draaft om de nijste Allerhande te scoren. Earst hienen se it tiidskrift net y.f.m. distribúsjeproblemen mar sneon lei er yn it skap. Wêrom wie ik der no sa gleon op om dit nûmer te hawwen, dat sil ik jim fertelle. Dit maart nûmer hjit: Happy van bakken. No as der ien happy fan bakken wurdt bin ik it.
Dizze bananebôle ha ik hjoed bakt en hy is lekker/lekker. Net gewoan lekker mar krekt in bytsje mear. De earste stikjes hawwe we by de tee hân en doe wie de bôle noch in bytsje waarm. It is in bôle mar it smakket in bytsje as cake. In echte oanrider en hy stiet der twa kear yn, ien kear gewoan (sa as op de foto) en ien kear mei sinesappel derop. Wolsto de bananebôle ek ris meitsje dan gau nei de Albert Heijn foar de Allerhande.
Abonneren op:
Posts (Atom)